Kronstadt (Russysk: Кронштадт; Kronshtadt) is in fersterke Russyske havenstêd op it eilân Kotlin yn it eastlike part fan 'e Finske Golf oan 'e igge fan 'e Nevabaai. De stêd leit sa'n 30 kilometer west fan Sint-Petersburch.

Kronstadt
Кронштадт
Stedssintrum mei de Marinekatedraal.
Stedssintrum mei de Marinekatedraal.
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Federale stêd Sint-Petersburch
Sifers
Ynwennertal 44.414 (2023)
Oerflak 19,35 km²
Oar
Stifting 1704
Postkoade 197760-197762
Tiidsône UTC+3
Koördinaten 60° 00' N 29° 46' E
Offisjele webside
www.kotlin.ru
Kaart
Kronstadt (Sint-Petersburch)
Kronstadt

It histoaryske sintrum fan Kronstadt stiet sûnt 1990 op 'e UNESCO-wrâlderfgoed list as ûnderdiel fan it "Histoarysk Sintrum fan Sint-Petersburch en dêr by hearrende monumintekompleksen".[1]

 
Slach tusken Kronslott en Sweedske kriichsskippen.

Lykas Sint-Petersburch waard ek Kronstadt troch Peter de Grutte stifte. Sint-Petersburch moast beskerme wurde tsjin oanfallen fanôf de see en it eilân Kotlin lei tige geunstich om de tagong ta de stêd te blokkearjen. De bou fan 'e earste fêsting, Kronslott, sette yn 1703 útein. It lei wat súdlik fan it eilân en beskerme de súdlike tagong fan Sint-Petersburch. Troch de Grutte Noardske Oarloch krige Peter de Grutte haast en eine de bou gaueftich. Yn maaie 1704 waard Kronslott oplevere en yn july 1704 die it al syn wurk tsjin de Sweedske float.

De Sweden diene ek in oanfal oer de noardlike rûte, sadat ek dêr fersterkingen nedich wiene. Net allinnich op Kotlin, mar ek op 'e ûndjipten tusken Kotlin en it fêstelân waarden forten boud, de Kronstadt fêstings. Dy forten waarden yn 'e winter oanlein. Op it plak fan it fort waarden houten peallen de grûn ynslein en de ôfsletten romte waard folle mei ierde en pún, oant it as in eilân boppe it wetter útkaam. Twa kanalen bleaunen iepen foar de skipfeart fan en nei Sint-Petersburch, mar dy waarden troch de sterkste forten bewekke.

Yn 1703 waard de Baltyske Float oprjochte. Sûnt it begjin wie Kronstadt de thúshaven fan 'e float. De fêsting Kronslott waard yn 1710 troch Russyske arbeiders en Sweedske kriichsfinzenen fersterke, wylst sûnt 1719 ek útein set waard mei de oanlis fan kanalen, dokken en havens by Kronstadt. Yn 1720 waarden de havens foar de marine en hannel foltôge en krige de stêd ek syn foarm.

 
Kronstadt yn 'e tiid fan 'e Krimoarloch.

De ûntwikkeling fan 'e artillery makke ek hieltiten wer modernisearring fan 'e forten nedich. De earste forten wiene noch fan hout, mar nei de grutte oerstreaming fan 1824 waard bakstien brûkt. Yn 'e Krimoarloch bedrige de Britske float Sint-Petersburch, dy't yn 'e Baltyske See operearre. De Britten foelen de forten yn 'e Finke Golf oan en twongen sa de Russen om dêr 200.000 oant 300.000 man yn 'e regio te hâlden dy't net yn it suden op 'e Krim ynset wurde koene. It skipfeartferkear fan en nei Ruslân waard blokkearre, mar Kronstadt foel nea yn Britske hannen.

 
Fort Constantine.

De forten hiene trije ferdjippings dêr't de artillery opsteld stie, mar yn 'e 19e iuw moasten se ferfongen wurde. Op grûn fan 'e plannen fan Eduard Totleben waard in nij fort, Constatine, boud en tusken 1856 en 1871 nochris fjouwer batterijen yn 'e súdlike tagong en sân yn 'e noardlike tagong. Al dy batterijen wiene mei ierde oerdutsen en útrisd mei Krupp-kanonnen yn 'e geskutskoepels

 
Oproer yn 1905.
Achille Beltrame (1871–1945)

Yn oktober 1905 ûnstie der ûnder matroazen oproer yn Kronstadt, dy't al gau ek de stipe fan soldaten krige. Op 26 oktober foel de stêd feitlik yn hannen fan 'e rebellen, mar brek oan liederskip en dissipline late ta de plondering fan winkels en it yn 'e brân stekken fan gebouwen. Troepen út Sint-Petersburch en Oranienbaum sloegen de opskuor op 27 oktober del. Oan beide kanten stoaren 22 minsken, likernôch 100 minsken rekken ferwûne en in soad waarden ynrekkene, wêrfan de measten lykwols gaueftich wer frijlitten waarden.

Kronstadt wie ien fan 'e oarspronklike bolwurken fan 'e bolsjewiken en de opstannige matroazen spilen in grutte rol yn 'e Oktoberrevolúsje.

Opstân 1921

bewurkje seksje

Untefredenheid ûnder boeren en fabryksarbeiders oer it nije bolsjewistyske regear feroarsake stakings yn Moskou, dy't oersloegen nei it doetiidske Petrograd. De matroazen fan Kronstadt ferklearren harren solidêr en de bemanning fan it slachskip Petropavlovsk naam in resolúsje oan mei in rige easken: de garânsje op frije ferkiezings fan 'e Sovjets, frijheid fan mieningsutering, parsefrijheid foar arbeiders en boeren, de frijheid op gearkomsten, fakbûnen en ferienings, it frijlitten fan politike finzenen en in frije boerestân.

 
Soldaten fan it Reade Leger setten de oanfal op Kronstadt yn (1921).

Lenin en Trotski rôpen de needtastân yn 'e opstannige provinsje út en lieten in soad minsken oppakke. Yn Kronstadt waard tagelyk in Foarlopich Revolúsjonêr Komitee ynsteld om Kronstadt tsjin de bolsjewiken te ferdigenjen.

Nei goed twa wiken striid sette yn 'e nacht fan 16 op 17 maart in 50.000 man sterke Sovjet-macht lang om let útein mei in 18 oeren lange slach om Kronstadt. Yn 'e slach ferlearen 10.000 soldaten fan it Reade Leger it libben. Brek oan munysje twongen de de arbeiders en matroazen om harren stellings te ferlitten om dêrnei yn 'e strjitten fan 'e stêd noch fûl te fechtsjen, mar it slagge it Reade Leger de stêd yn te nimmen. Guon rebellen wisten nei Finlân út te piken, oaren waarden oppakt en fuort deasketten of nei kampen stjoerd. Yn 'e maitiid fan 1922 waarden de bewenners fan Kronstadt, dy't meiholpen hiene by de opstân, massaal fan it eilân helle.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Op 30 novimber 1939 begûn de oarloch mei Finlân en Kronstadt lei yn 'e frontliny. De marineskippen en it geskut op lân holpen it Russyske leger, dat focht op 'e Karelyske Lâningte. De kanonnen hiene in kaliber oant 406 mm, dy't doelen op 45 kilometer ôfstân reitsje koene. Op it eilân wennen doe likernôch 35.000 boargers.

It Molotov-Ribbentroppakt joech de Sovjet-Uny de kâns om de Baltyske steaten te anneksearjen. Sûnder in soad wjerstân besetten de Sovjet-troepen yn 1940 de Baltyske Steaten en in grut part fan 'e Baltyske Float waard mei it personiel oerbrocht nei de haven fan Tallinn. Op 22 juny 1941 foel it Dútske leger mei de Operaasje Barbarossa Ruslân oan. Tusken 10 en 20 juny wiene by Kronstadt al fleantugen sjoen, dy't seeminen leine om de tagong ta de marinehaven en Sint-Petersburch te blokkearjen. Hitler woe de flechtrûte fan 'e float nei it neutrale Sweden ôfsnije en dêrnei ferneatigje. De opmars fan 'e Wehrmacht gie sa fluch, dat ein augustus de marine en grutte parten fan it leger har weromlutsen út Tallinn. De float waard ûnderweis fûl oanfallen en krige mei grutte ferliezen te meitsjen. Sûnt 1 septimber 1941 wie Krondstadt wer de thúshaven fan 'e Baltyske Fleet.

 
It front by it belis fan Leningrad.

Yn septimber stiene de Dútske troepen fan Legergroep Noard oan 'e kust tusken Oranienbaum en Leningrad. Dêrby foelen ek ferskate fleanfjilden yn harren hannen. Ut de Dútske fleantugen waarden struibriefkes smiten mei de tekst "Leningrad nei de grûn! Kronstadt nei de see!” Swiere loftoanfallen troch de Luftwaffe folgen. Tusken 21 en 28 septimber 1941 foelen deis tusken de 100 en 300 fleantugen de stêd en marinefoarsjenningen oan. It wetter en de elektrisiteit funksjonearre net mear. Op 23 septimber waard de munysjefoarrie fan it slachskip Marat rekke, dy't ûntplofte. Troch it setten fan mear loftdoelkanonnen moast de Luftwaffe foarsichtiger wurde.

Tsjin 'e ein fan 1941 wie de see om Kronstadt hinne beferzen. Sûnt 1921 wie it al bekend dat it eilân dêrtroch kwetsber wie en wiene der ekstra maatregels nommen, om in oanfal oer de tichte see tefoarren te kommen. Yn novimber besochten de Dútsers en de Finnen it eilân te naderjen, mar alle kearen waarden se op 'e tiid ûntdutsen en koe de oanfal ôfslein wurde.

De Russyske ûnderseeboaten fan 'e basis foelen de Dútske skippen yn 'e Baltyske See oan. Dat hie sukses, mar de ferliezen wiene heech. De Dútsers blokkearre de Finske Golf mei seeminen en netten en dat die fertuten. Yn 1943 waarden gjin skippen mear troch de Russyske ûnderseeboaten ta sinken brocht. Pas yn 1944, nei de frede mei Finlân, krige de marine nije bases oan 'e Finske kust en soe de ûnderseeboatoarloch wer folop útbrekke. Yn 1945 waarden ûnder oaren de Wilhelm Gustloff en de Steuben torpedearre mei in grut ferlies oan minskelibbens as gefolch.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Fort Aleksander.

Kronstadt spile fan it begjin ôf in sintrale militêre rol yn 'e ferdigening fan Sint-Petersburch en wie in wichtige marinehaven. Om en yn de stêd binne ferskate ferdigeningswurken. De stêd leit op 'e eastlike helte fan Kotlin. De westlike kant fan 'e stêd wurdt troch in âlde grêft as ferdigeningsliny begrinzge. It marinekompleks leit sintraal mei dêr om hinne de stêd. Allinnich yn it suden grinzget it kompleks fuort oan 'e havens en de see.

In grut part fan 'e histoaryske gebouwen út de 18e en 19e iuw is bewarre bleaun en de stêd telt in grut tal monuminten foar wichtige persoanen.

 
Nikolaaskapel.

Oant de revólúsje hie de stêd likernôch 30 otterdokse tsjerken, twa lutherske tsjerken, in katolike tsjerke, in synagoge en in moskee. Fan it measte religieuze erfgoed is net in soad bewarre bleaun. De bou fan 'e Marinekatedraal fan Kronstadt begûn yn 1902 yn opdracht fan tsaar Nikolaas II. Nei de revolúsje waard de katedraal yn 1929 sletten en as opslachromte, bioskoop, konsertseal en museum brûkt. Nei de fal fan 'e Sovjet-Uny bloeide de Russysk-Otterdokse Tsjerke wer op en waard de tsjerke restaurearre. De Russyske presidint Dmitri Medvedev wenne yn augustus 2012 de wijing fan 'e katedraal troch patriarch Kirill by. De tusken 1805 en 1817 boude -Sint-Andréaskatedraal hat it net oerlibbe en waard yn 1932 ôfbrutsen. Nei syn preesterwijing op 12 desimber 1855 waard Jehannes fan Kronstadt dêr oant syn dea preester. Tsjintwurdich is Jehannes fan Kronstadt ien fan 'e meast fereare hilligen yn 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. De Vladimirkatedraal oan de Vladimirskaja-strjitte is in otterdoks monumint út de 19e iuw.

 
Monumint admiraal Makarov.

Op it plein foar de katedraal stiet in monumint foar admiraal Stepan Makarov (1849-1904). Hy levere in wichtige bydrage oan 'e ûntwikkeling fan marineskippen yn it algemien en torpedoboaten yn it bysûnder. Yn 1877 wie hy de earste dy't in torpedo-oanfal op in fijannelik skip lansearre. Makarov wie ek bot by de bou fan 'e earste iisbrekker, de Jermak, belutsen. Hy wie fiif jier kommandant fan Kronstadt en kaam un 1904 by de striid tsjin Japan yn it Fiere Easten om ít libben.

Fuort west fan it marinekompleks leit it merkteken foar it Kronstadt peil, it referinsjepunt foar de hichtebepaling yn ferskate East-Jeropeeske lannen.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1862 1897 1939 1959 1979 1989 2002 2010 2015 2020
Ynwenners 43.467 44.325 38.071 40.303 40.308 45.053 43.385 43.005 44.074 44.461

Gearstalling

bewurkje seksje

Neffens de folkstelling fan 2020 binne de fiif grutste befolkingsgroepen:

  • Russen: 91,31
  • Oekraïners: 1,09%
  • Tataren: 0,51%
  • Wyt-Russen: 0,49%
  • Tadzjiken: 0,17%

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kronstadt