Jehannes fan Kronstadt

Jehannes fan Kronstadt (Russysk: Иоанн Кронштадтский; Ioann Kronssjtadtsjky) (berne op 19 oktober 1829 yn it distrikt Archangelsk; ferstoarn op 20 jannewaris 1908 yn Kronstadt) wie in preester fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Hy libben fan 1829 oant 1908 en syn opfallende, bûtenwenstige en krigele karakter tsjûge fan in djippe frommens en makke him ta in tige populêre preester, dy't fier oer de grinzen fan Ruslân ferneamd waard.

Jehannes fan Kronstadt
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Ivan Iljitsj Sergjev
bertedatum 19 oktober 1829
berteplak Sûra (Oblast Archangelsk)
stjerdatum 20 jannewaris 1908
stjerplak Kronstadt
etnisiteit Russysk
hillichferklearring
hillich ferkl. 19 oktober 1964 (ROT-Bûtenlân); 8 juny 1990 (ROT)
fereare troch Russyk-Otterdokske Tsjerke
hjeldei ROT-Bûtenlân: 19 oktober, ROT: 20 desimber

Hy bekroade him tige mei earm folk, die in soad oan goede doelen en reizge troch it hiele Russyske Ryk dêr't er tsientûzenen op de fuotten krige. Fanôf 1906 wied er lid fan de Hilligste Regearjende Synoade, mar hy wegere de gearkomsten by te wenjen. Alhoewol't Jehannes fan Kronstadt net oan polityk die, wied er lid fan de Uny fan it Russyske Folk, in organisaasje mei tige nasjonalistyske en monargistyske tinkbylden.

Jehannes fan Kronstadt waard op 19 oktober 1829 as Ivan Iljitsj Sergjev (Russysk: Иван Ильич Сергиев) berne yn it doarp Sûra (oblast Archangelsk), yn de omkriten fan de Wite See. Om't it nei Jehannes fan Rila ferneamde bern by de berte net folle wie, lieten syn âlden him foar alle wissichheid noch deselde deis thús dope. De sûnens fan it bern waard lykwols al gau better, itjinge de fromme âlders oan de doop taskreaune. De jonge waard from en ienfâldich grutbrocht, hy mocht graach yn de natoer wêze en waard troch syn heit en mem de earmoed en it lijen fan it gewoane folk bybrocht.

 
De yn 1932 ôfbrutsen Andreaskatedraal yn Kronstadt
 
Handtekening fan Jehannes fan Kronstadt

Yn de famylje fan Jehannes kaam in tsjerklik berop in soad foar en generaasjes lang levere syn famylje al preesters. Yn syn stúdzjetiid tocht Jehannes der oer nei om him mei de misje ûnder de folken fan Sibearje en Noard-Amearika dwaande te hâlden, mar yn in dream seach er himsels as preester yn de Andreaskatedraal fan de marinestêd Kronstadt, itjinge foar him in fingerwizing fan God betsjutte. Nei de foltôging fan de stúdzje troude er mei Elisaveta, de dochter fan de aartspreester fan de Andreaskatedraal. Hy waard nei de preesterwijing op 12 desimber 1855 oansteld as preester yn de Andreaskatedraal, dêr't er 53 jier lang oant syn dea ta tsjinje soe.

It houlik fan Jehannes bleau sûnder bern, neffens syn deiboek slepte hy sûnt 1868 net mear mei de frou. Jehannes en syn frou brochten lykwols wol twa omke- en muoikesizzers fan de kant fan syn frou op: Rûfina en Elisaveta. Rûfina skreau letter de preken fan Jehannes op en publisearre se yn 1909 yn twa boeken oer har omke en muoike. Oan it ein fan har libben ferlear Jehannes' frou nei in swiere operaasje har beide fuotten. Hja ferstoar op 22 maaie 1909 en waard begroeven op it hôf fan de Andreaskatedraal.

Yn de rin fan de tiid waard Jehannes aartspreester en sûnt 1898 waard him de mitra takend. Fanôf 1856 hold er in deiboek by, "Myn Libben yn Kristus", dat tsjintwurdich yn it Nasjonale Argyf fan Ruslân bewarre wurdt. It deiboek waard nei publikaasje yn ferskate talen oerset en nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny op 'e nij útjûn. Jehannes wie ek warber as godstsjinstlearaar en fanôf 1862 hat er 25 jier lang it otterdokske leauwe ûnderwiisd oan it gymnasium fan Kronstadt. De preken en ynset fan Jehannes waarden lykwols net troch elkenien wurdearre en yn 1860 wist er sawol de skoallelieding as de oare preesters fan de Andreaskatedraal (dêr't er yn dy tiid noch mar de tredde preester wie) tsjin him te krijen. Oars as wenst wie yn de Russysk-Otterdokske Tsjerke yntrodusearre Jehannes de kollektive bycht. Ek rôp er op om faker de kommuny te jaan (yn it doedestiidske Ruslân wie dat beheind ta ienris of twaris yn 't jier yn de grutte fêsteltiid). Jehannes koe tige preekje, hy brûkte ienfâldige wurden en preke spontaan sûnder in soad tarieding.

 
Jehannes fan Kronstadt yn de jierren 1890

Fanôf it begjin fan syn wijing bekroade er him benammen om it wolwêzen fan it earme folk. Neffens Jehannes hearske yn Kronstadt ûnleauwe en sektarisme. In soad wurkfolk wenne yn earmoedige ûnderkommens en in soad sieten oan de drank. Ek kriminelen waarden yn dy tiden nei Kronstadt ferballe. Krekt ûnder dy minsken, it útskot fan de maatskippij, wurke Jehannes. "Wy binne der foar elkenien; sels yn de sûnde en de skande hearre wy dy minsken leaf te hawwen", sa sei er, "wy meie de minsken, it evenbyld fan God, net betiizgje mei it kwea dat yn him is". It wiene dy minsken dy't de hilligens fan Jehannes as earsten ûntdieken, eat dat gaueftich troch in soad oare otterdokske minsken yn hiel it lân dield waard. Yn dy snoarje begûn Jehannes ek bekendheid te krijen as immen dy't wûnderen ferrjochtsje koe. Nei't de Sint-Petersburgske krante "Nije Tiid" (Новое время) yn 1883 in tanksizzing publisearre, gyngen grutte kloften folk op beafeart nei de preester. Tûzenen minsken deis, fanút it hiele ryk, hopen de preester te sjen en yn Kronstadt ûntstie in hiele yndustry om de stream minsken dy't help sochten te betsjinjen.

 
Jehanneskleaster, Sint-Petersburch

Ek krige Jehannes grutte bedraggen fan syn oanhingers, dy't er oan it wolwêzen útjoech. Hoefolle is net bekend want Jehannes joech, sa't sein waard, alles fuort wer út oan minsken dy't harren sels net rêde koene. Fan it jild joech er bygelyks jierrenlang likernôch tûzen bidlers te iten en stifte er it "Hûs fan de Arbeidsleafde", in sintrum mei wurkpleatsen, in skoalle foar earme bern, in gasthûs foar froulju, berneopfang, in gearkoken, in sikenhûs, in plak dêr't minsken sûnder kosten de nacht trochbringe koene, in bibleteek foar bern en folwoeksenen ensafuorthinne. Ek stifte er in fekânsjehûs bûten de stêd foar bern en liet er yn 1891 yn syn berteplak in stiennen tsjerke en in kleaster foar nonnen bouwe. Yn Sint-Petersburch joech er opdracht ta de bou fan it nei syn beskermhillige Jehannes fan Rila ferneamde Jehanneskleaster. Hast alle tsjerken dy't yn dy tiid yn Sint-Petersburch boud waarden krigen finansjele stipe fan Jehannes. En alhoewol't Jehannes graach yn diskusje gean mocht oer oare denominaasjes of godstsinsten, joech er ek jild út oan sosjale projekten foar joaden en moslims. Jehannes sei yn dat ramt: "Foar God is der heiden noch joad. Ik ha sels gjin jild, it wurdt my jûn en ik jou it troch. Fakentiden wit ik net wa't it jild jûn hat. Dêrom jou ik it fierder wêr't need bestiet en it jild in doel hat".

Yn oanwêzigens fan in soad minsken soene der genêzings plakfine en mei telegrammen waard der ek tynge dien fan genêzings op ôfstân. It tal brieven en kaarten foar de preester wie sa grut, dat de posterij fan Kronstadt in spesjale ôfdieling opsette liet. De brieven waard fuort nei it alter fan de katedraal brocht, dêr't de preester foar de ferstjoerders fan de post in gebed útspriek. Jehannes krige de bynamme batjûsjka ("heit") fan Ruslân. Ek nei syn dea soene der tal fan wûnders plakfûn ha.

 
De spotprint yn it satiryske tiidskrift Pûlemet, dy't in flechtsjende preester sjen lit foar de opskuor yn Kronstadt yn 1905

Sûnt it begjin fan de jierren 1890 hied er jimmeroan mear krityk op de skriuwer Lev Tolstoj foar syn krewearjen om de otterdoksy yn de sin fan it Panteïsme en it Protestantisme te herfoarmjen. Op 8 oktober 1894 waard Jehannes troch de tsarenfamylje útnoege om nei de Krim te kommen, dêr't tsaar Aleksander III yn syn simmerresidinsje op it stjerbêd lei. Nei in liturgyfiering betsjinne de preester de tsaar fan de hillige sakraminten. Op 20 oktober, yn de lêste oeren fan de tsaar, salve de preester him mei wijde oalje en lei him oant syn ferstjerren de hannen op de holle.

De populêrens fan de preester waard net troch elkenien dield en rôp by guon ek wjerstân op, sawol ûnder geastliken as ek ûnder amtners. Syn konservative tinken, it gesach dat er hie en syn prinsipiële en politike útspraken levere him fijannen op ûnder fral de liberale pseudo-yntellektuelen, dy't al drok dwaande wiene mei de tariedings om de macht fan de tsjerke en de monargy te beheinen.[1] Doe't yn oktober 1905 de Russyske parse mear frijheid krige ûnstiene der ek negative artikels en waarden der spotprinten oer de preester publisearre, somtiden mei in obseen en spottend karakter. Liberalen makken de preester bygelyks min troch it nijs te fersprieden dat er by de opstân ûnder seelju yn Kronstadt yn 1905 sa benaud wie, dat er útnaaide om himsels yn feiligens te bringen. Der ferskynde in spotprint yn de satiryske krante "Pûlemet" (Пулемет) fan Jehannes fan Kronstadt dy't in baarnende stêd efter him liet. Mar de preester wie doe't de opskuor op syn slimst wie gewoan yn de stêd en fierde yn de moarn fan 27 oktober de liturgy yn de katedraal.

Yn 1903 feroardiele Jehannes tegearre mei de lokale biskop de pogrom fan Kisjinev (tsjintwurdich Chisinau, Moldaavje). De twa otterdokske geastliken ûndertekenen "Слово о кишиневских событиях" (Wurden ta de gebeurtenissen yn Kisjinev), dat noch itselde jier yn Kisjinev en Odessa publisearre en troch joadske organisaasjes oan de man brocht waard. Troch't er foar de joadske befolking opkaam krige er de grime fan rjochtsradikale eleminten oer him hinne.

 
Tombe fan Jehannes fan Kronstadt (1909)

Sûnt desimber 1904 liet de sûnens fan Jehannes it jimmeroan mear ôfwitte, mar hy wurke oant syn ferstjerren yn de âldens fan 80 jier op 20 desimber 1908 dochs troch. Under in ûnbidich grutte belangstelling fan tsientûzenen waard de preester yn it troch him stifte Jehanneskleaster begroeven. De preester liet gjin geastlik testamit efter en ek gjin jild.

 
Jehannes fan Kronstadt op hege leeftyd yn syn tún

De ferearing fan Jehannes fan Kronstadt wie al yn syn libben grut en him waarden tal fan wûnders taskreaun. Yn 1909 nei de dea fan de preester feroardene de synoade dat Jehannes alle jierren op syn stjerdei betocht wurde moast yn de tsjerke.

De Russysk-Otterdokske Tsjerke yn it Bûtenlân ferklearre de preester op 16 juny 1964 hillich. De Russysk-Otterdokske Tsjerke fan it Moskouse Patriargaat folge op 8 juny 1990. In soad tsjerken oer de hiele wrâld waarden letter nei de hillige preester ferneamd.

Yn 2009 waard yn Sint-Petersburch it 180-jierrich jubileum fan de berte en it 100-jierrich jubileum fan it ferstjerren fan de hillige betocht. Tsientûzenen geastliken, leken en fertsjintwurdigers fan 144 nei him ferneamde tsjerken wennen de plechtichheden by. Ek waard in lytse planeet (nû. 24604) nei de hillige ferneamd.

De reliken fan Jehannes rêste yn it herstelde Jehanneskleaster yn Sint-Petersburch.

Al yn de jierren 1880 ûnstie der ûnder syn ferearders in fanatike groep, dy't Jehannes foar de re-ynkarnearre Kristus hold. De sekte krige letter de namme Jehanniten, mar Jehannes naam der sels ôfstân fan. Om't Jehannes fan Kronstadt de fal fan de monargy en de komst fan de antykrist foarsei, fersetten de Jehanniten harren tsjin de revolúsje fan 1917 en de Sovjetmacht. Nei de dea fan Jehannes fan Kronstadt bleaune de Jehanniten noch sa'n twintich jier bestean oant se yn de jierren 1920-1930 oant der troch earnstige ûnderdrukking fan de bolsjewiken in ein kaam oan de beweging.

Betinkingsdei

bewurkje seksje

De betinkingsdei foar Jehannes fan Kronstadt is 20 desimber; foar de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn it bûtenlân is dat 19 oktober.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Johannes von Kronstadt