Alet van der Woude

Alet van der Woude (Grins, 13 febrewaris 1958) is in autodidaktysk byldzjend keunstner út Grins. Fan jongs ôf oan wie se al dwaande mei it kreëaren fan dingen yn ferskate techniken. Yn 1995 begûn se bylden yn getten stien te meitsjen. In pear jier letter stapte se oer op brûns.

Van der Woude har wurk hat him mear en mear ûntwikkele ta surrealistyske en (heal) abstrakte bylden. De bylden ûntsteane dwaandewei, de iene kear by it tema passend dat Alet yn de holle hat, in oare kear samar. De linen fan de bylden binne dêrby fan grut belang. Van der Woude siket in spanningsfjild tusken abstraksje en realisme. Uteinlik is it doel om dizze spanning op harmonyske wize wer te jaan.

Har brûnzen bylden wurde makke op de ferkerne waaksmetoade (cire perdue-metoade). Se wurde dan earst boetseard yn waaks of klaai. Underwerpen binne faak abstrahearde minskfigueren en dan benammen frouljusfigueren.

Har wurk wie ûnder oare te sjen op de keunstmerken yn Ootmarsum, Spaarndam en Hengelo en yn galery's Ivo de Weerd, Langeveer en Art Yard Kunstleasing yn Haarlim.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: