Aletta Jorritsma (Tsjummearum, 17 maaie 1989) is in earder Frysk roeister.

Aletta Jorritsma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ymkje Clevering
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 maaie 1989
berteplak Tsjummearum
etnisiteit Frysk
lingte 1.86 m
gewicht 78 kg
sportive ynformaasje
sport Roeien
ûnderdiel Acht, Twa sûnder stjoerfrou
O.S. Rio de Janeiro 2016
wichtige prestaasjes
3x sulver EK, 2015, 2017, 2021
3x brûns EK, 2014, 2018, 2020

Yn 2009 begûn Jorritsma by har stúdzje mei roeien by ASR Nereus yn Amsterdam. Har ynternasjonale debút wie yn 2013 yn it Switserske] Luzern. Se wûn yn 2014 tegearre mei Heleen Boers brûns yn de twa sûnder stjoerfrou op de Europeeske kampioenskippen yn Belgrado. Dêrnei makke se diel út fan de Hollân Acht, wêrmei't Nederlân hege eagen smite woe op de Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro. Mei dizze boat wûn Jorritsma sulver op de Europeeske kampioenskippen yn 2015 en waard se 8ste op de wrâldkampioenskippen yn 2014 op de eigen Bosbaan yn Amsterdam.

Yn de acht mei stjoerfrou behelle Jorritsma yn 2017 sulver op it EK yn Tsjechje. Yn de jierren dêrnei folge noch ien kear sulver en twa kear brûns. Jorritsma rûn pleatsing foar de Olympyske Spullen yn Tokio trochdat de Froulju acht yn maaie 2021 by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai as fjirde einige, dêr't in twadde plak nedich wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: