Alexander Gordon Laing

Majoar Alexander Gordon Laing (27 desimber 1794 - 26 septimber 1826) wie in Britsk ûntdekkingsreizger en de earste Jeropeaan dy't de stêd Timbûktû berikte oer de noard/súdrûte troch de Sahara.

Alexander Gordon Laing
militêr
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 27 desimber 1793
berteplak Edinburch
stoarn 26 septimber 1826 (32 jier)
stjerplak Araouane, Maly
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 1813-1826
yn tsjinst fan Britske leger
legerûnderdiel York Light Infantry Volunteers
Royal African Colonial Corps
heechste rang Majoar
treffen(s) Asjanty-oarloch (1823-1824)
ûnderskiedings Grande Médaille d'Or des Explorations, 1830
oar wurk Sjoernalist, ûntdekkingsreizger

Laing waard berne yn Edinburch ein desimber 1794. Hy krige ûnderjocht fan syn heit William Laing, priveelearaar klassike talen, en letter oan de Universiteit fan Edinburch. Yn 1811 ferfear er nei Barbados om klerk te wurden by syn omke fan memmekant, kolonel Gabriel Gordon

 
Gordon Laings hûs yn Timbûktû, sûnt 1992 Nasjonaal Erfskip

Militêre karriêre

bewurkje seksje

Fia generaal Sir George Beckwith, de gûverneur fan Barbados, waard er yn 1813 faandrich yn de York Light Infantry Volunteers. Hy waard promovearre ta luitenant yn 1815 en oerpleatst nei het 2e West-Yndiaask Rezjimint nei't syn âlde rezjimint ûntbûn wie yn 1817. Yn 1822 kaam er mei de rang fan kaptein yn it Royal African Colonial Corps (Keninklik Afrikaansk Koloniaal Korps). Yn dat jier waard er mei syn rezjimint, dat doe yn Sierra Leone lei, troch gûverneur Sir Charles MacCarthy [1] nei it lân fan de Mandinga stjoerd mei it dûbeld doel de hannel mei dat lân te iepenjen en te stribjen nei ôfskaffing fan de slavehannel yn dy regio. Letter dat jier besocht Laing Falaba, haadstêd fan it lân Solimana, en stelde dêr it plak fan de boarne fan de rivier de Rokel fêst. Hy besocht de boarne fan de Niger te berikken, mar waard troch lânseingen folk tsjinholden. It slagge him lykwols wol om it plak sa likernôch te bepalen. Yn 1824 krige er de pleatslike rang fan majoar yn Afrika. Hy die aktyf mei oan de Asjanty-oarloch fan 1823-24 en waard dêrnei nei hûs stjoerd mei berjochten oer de dea fan Sir Charles MacCarthy dy't yn aksje sneuvele wie. Yn Ingelân yn 1824 skreau Laing in boek oer syn reizen, dat yn 1825 ferskynde ûnder de titel Travels in the Timannee, Kooranko and Soolima Countries, in Western Africa.

Reis nei Timbûktû

bewurkje seksje

Laing tocht dat er de boarne fan de Niger fûn hie en stelde út om de rivier nei syn delta te folgjen. Joseph Banks, foarsitter fan de African Association stipe syn plan, mei't er hope dat de ekspedysje de lokaasje fan Timbûktû fine soe. Henry, 3rd Earl Bathurst, droech kaptein Laing op om fia Tripoly en Timbûktû nei it streamgebiet fan de Niger fierder te ferkennen. Laing sette yn febrewaris 1825 ôf en boaske yn Tripoly op 14 july mei Emma Warrington, de dochter fan de Britske konsul. Twa dagen letter sette er ôf foar syn reis troch de Sahara beselskippe troch in sjeik dy't letter beskuldige waard fan het meitsjen fan plannen om him te fermoardzjen. Se berikten Ghadames fia in omwei yn oktober 1825 en yn desimber kaam Laing oan yn Salah yn de krite Tuat, dêr't er goed Untfogen waard troch in beskate groep Tûareks.

Op 10 jannewaris 1826 ferliet er Tuat op wei nei Timbûktû troch de woastyn Tanezrûft. Syn brieven fan maaie en july ferhelje oer syn koarts en it plonderjen fan syn karavaan troch in oare groep Tûareks. Laing skriuwt oer syn protte ferwûnings dy't er by de fjochterij oprûn hie. Hy wie ûnder mear syn rjochterhân kwyt rekke. Tegearre mei in oare oerlibbene slagge it om Sidi Al Muktar te berikken, sûnder in sint oer. Hy sleat him oan by in oare karavaan en berikte sa Timbûktû en wie sadwaande de earste Jeropeaan dy't de Sahara fan noard nei súd oerstiek. Yn syn brief fan 21 septimber fan Timbûktû kundige er oan dat er op 18 augustus dêrfoar yn dy stêd oankommen wie en dat syn posysje ûnwis wie fanwegen it doetiidsk opperhaad fan de stêd dy't him fijannich wie, Bello fan de Fula. Hy heakke dêr oan ta dat er fan doel wie Timbûktû oer trije dagen te ferlitten. Fan de ûntdekkingsreizger waard fierder neat mear fernaam. Ut lettere ynformaasje die bliken dat er Timbuktu op de dei dy't er fan doel wie yndie ferliet. Hy waard wjirge mei in tulbân troch twa Tûarekoerfallers om of yn de nacht fan 26 septimber 1826.

Nei de ekspedysje

bewurkje seksje

Laings papieren binne nea weromfûn en syn skoanheit Hanmer Warrington beskuldige de Frânsen (dy't ek nei Timbûktû woene) fan bemuoiïng en fan it oanskaffen fan Laing syn deiboek; dêr is lykwols nei bewiis foar fûn. René Caillié berikte Timbûktû twa jier nei Laing en mei't hy wol libben weromkaam koe er oanspraak meitsje op de priis fan 10.000 frank dy't de Société de Géographie foar dy prestaasje oanbean hie. Beide mannen krigen de Gouden Medalje fan de Société fan 1830.

  • Alexander Gordon Laing: Travels in the Tinamee, Kooronko and Sootina Countries in Western Africa. Londen 1825

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


  1. Brigadegeneraal Sir Charles MacCarthy (1764 – 21 jannewaris 1824) wie in militêr fan Iersk komôf dy't yn de legers fan Frankryk, Nederlân en it Feriene Keninkryk tsjinne. Hy wie gûverneur fan ferskate Britske gebieten yn West-Afrika