Alexander von Falkenhausen
Alexander Ernst Alfred Hermann von Falkenhausen (Blumenthal (Sileezje), 29 oktober 1878 - Nassau (Rynlân-Palts), 31 july 1966) wie in Dútske militêr.
Biografy
bewurkje seksjeVon Falkenhausen is yn Belgje benammen bekend as militêr befelhawwer fan it Dútske militêre bestjoer fan maaie 1940 oant july 1944 fan Belgje en Noard-Frankryk. Fan 20 oant 29 maaie 1940 wie hy dit ek foar Nederlân, dêrnei waard it militêr bestjoer ferfongen troch in sivyl bestjoer ûnder lieding fan rykskommissaris, Arthur Seyss-Inquart.
Von Falkenhausen wie in omkesizzer fan Ludwig von Falkenhausen, de befelhawwer oer it besette part fan Belgje yn de Earste Wrâldkriich. Von Falkenhausen hat meifochten yn de Bokseropstân en hy focht mei yn de Earste Wrâldkriich oan it east- en westfront en yn Palestina. Hy wie in grut leafhawwer fan Aziatyske kultueren.
Yn 1930 waard er militêr adviseur yn Sina yn de perioade fan de Sino-Dútske gearwurking. Hy hat meiholpen mei Hans von Seeckt om it Sineekse leger en de Sineeske ekonomy te herfoarmjen. Yn 1937 keas Dútslân iepenlik de side fan Japan en moast Falkenhausen weromkomme nei Dútslân. Dit die hy pas doe't syn superieuren drigen syn famylje te straffen foar syn ‘heechferried’. Yn in ôfskiedsdiner mei Chiang Kai-Shek beloofde hy te soargen dat gjin inkel geheim oan Japan trochspile wurde soe.
As militêr befelhawwer fan Belgje en Noard-Frankryk publisearre Falkenhausen in tal anty-Joadske dekreten en waarden út syn namme in protte Belgen twongen tewurk setten. Syn maatregels liede ta wurkleazens ûnder Joaden yn Belgje, wêrnei grutte tallen deportearre binne nei kampen yn Noard-Frankryk of de konsintraasjekampen yn Poalen.
Von Falkenhausen wie belutsen by it militêre komplot tsjin Adolf Hitler fan de Wehrmacht op 20 july 1944, dat mislearre. Von Falkenhausen moast plak meitsje foar in sivyl bestjoer fan nazygetrouwen en waard opsletten yn Dachau. Der waard hy yn 1945 befrijde troch de alliearden. Fuort dêrnei waard er útlevere oan Belgje. Hy waard feroardiele ta in straf fan tolve jier, mar nei trije wiken waard er frijlitten neidat in protte bewiis oantoande dat hy besocht hie om safolle mooglik Joaden en Belgen te rêden fan deportaasje en eksekúsje.
Generaal von Falkenhausen hat de oarder Pour le Merite en de Husoarde en de Oarde fan fertsjinsten fan Hartoch Peter Friedich Ludwig fan Aldenboarch. Op syn 72 ste jierdei yn 1950 hat hy in brief krigen fan Chian Kai-Shek mei in ynhâld fan ien miljoen dollar. Yn de brief stie dat hy himsels in ‘freon fan Sina’ neame mei.
Militêre karriêre
bewurkje seksje- Leutnant: 13 maart 1897
- Oberleutnant: 1 jannewaris 1899
- Hauptmann: 22 maart 1910
- Major: 22 maart 1915
- Oberstleutnant: 18 desimber 1920
- Oberst: 1 april 1924
- Generalmajor: 1 april 1928
- Generalleutnant: 1 oktober 1929
- General der Infanterie: 1 septimber 1940