Algemiene Alderdomswet
(Trochferwiisd fan Algemene Ouderdomswet)
De Algemiene Alderdomswet, yn it Nederlânsk de Algemene Ouderdomswet of AOW, regelet yn Nederlân it ferplichte, kollektive âlderdomspinsioen dat as algemiene basis tsjinnet foar Nederlânske âlderdomspinsjoenen. Fersekere foar de AOW binne de ynwenners fan Nederlân en minsken dy't net yn Nederlân wenje, mar wol wurkje. De AOW is in folksfersekering.