Alineä
In alineä, fan it Latynske a linea ("op ien regel"), is in ynhâldlik byinoar hearrend diel fan in gruttere tekst, dy't almeast út ferskate sinnen bestiet. It Ingelske wurd foar in alineä is paragraph, dat faak foutyf oerset wurdt as "paragraaf". Yn it Frysk (en Nederlânsk) is in paragraaf lykwols in gruttere tekstuële ienheid (yn it Ingelsk in section), dy't út ferskate alineä's bestiet. Yn 'e typografy is it symboal foar in alineä it saneamde alineäteken: ¶.
In trochsneed alineä omfiemet sa'n tsien regels tekst, mar hy kin ek in stik langer wêze en yn útsûnderlik gefallen suver in hiele side beslaan. Oarsom is it ek mooglik dat in alineä mar ien regel omfettet, of sels mar ien wurd. Soks komt it measte foar as yn fiksjewurken dialooch werjûn wurdt. Yn prinsipe soe men stelle kinne dat de hiele dialooch byinoar heart, en dus eins efterinoar as ien alineä ôfprinte heart te wurden, mar om 'e lêzer te geriven wurdt dat frijwol nea dien. Ynstee wurdt eltse útspraak fan 'e dielnimmers oan in dialooch behannele as in alineä op himsels, sadat in wurd as "Ja" in hiele alineä op himsels foarmje kin.
In alineä wurdt fan 'e foargeande en de neikommende alineä skaat troch in wytregel of (faker) troch in lofts útline einregel mei dêropta net selden in lofts ynsprongen begjinregel. Yn in soad boeken wurdt boppedat in wytregel mei in asterisk of in oar typografysk symboal tusken de alineä's pleatst as der in feroaring fan sêne of tiid plakfynt.
Alineä's foarmje ien fan 'e wichtichste boustiennen fan in tekst. Yn saaklike teksten ûnderskiedt men piramide-alineä's, wêrby't oan it begjin in algemiene meidieling dien wurdt dy't dêrnei taljochte wurdt, en trachter-alineä's, wêrby't de folchoarder oarsom is en arguminten útrinne op in konklúzje. It ûnderlinge ferbân fan 'e alineä's binnen in tekst komt net allinne ta utering yn 'e folchoarder dêr't se yn pleatst binne, mar blykt faak ek út synjaalwurden wêrmei't se begjinne, lykas "fierders", "ek", "ta einbeslút" en "om in foarbyld te jaan". In groep byinoar hearrende alineä's foarmet in grutter diel fan in boek, lykas in subparagraaf, paragraaf of haadstik.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |