All My Life (liet fan Foo Fighters)
All My Life is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Foo Fighters yn 2002 en útbrocht op it fjirde album fan Foo Fighters One by One út itselde jier. All My Life is it earste nûmer op it album en waard op 22 oktober 2002 útbrocht as earste single fan it fjirde album. It wie de earste Foo Fighters single mei gitarist Chris Shiflett.
All My Life | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Sister Europe, Win or Lose, Danny Says, The One | |
artyst | Foo Fighters | |
album | One by One | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Hardrock | |
útbrocht | 22 oktober 2002 | |
opnommen | Studio 606, Alexandria maaie 2002 | |
doer | 4:24 | |
label | RCA | |
skriuwer | Foo Fighters | |
produsint | Nick Raskulinecz Foo Fighters | |
fideoclip | ||
Foo Fighters - All My Life (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Single top 100 - 95 | |
prizen | 2003 - Grammy | |
sertifisearre | Meksiko goud, Grut-Brittanje platina |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeAll My Life wie oarspronklik in ynstrumintaal nûmer, mar krige ferskate ferzjes. Ynearsten wie it ûnharmoanysk en lûdroftich, wêrby't it midden as Wipe Out (fan The Surfaris) klonk. Grohl hie gjin idee hoe't er it nûmer ynsjonge moast. Uteinlik is it in stevich hardrocknûmer wurden mei in tekst dy't oer seks giet.
Yn 2003 wûn de band in Grammy yn de kategory Best Hard Rock Performance foar it nûmer.
Oer de fideoklip
bewurkje seksjeDe fideoklip waard regissearre troch Dave Grohl himsels; yn de fideosklip spilet de band it nûmer op it poadium foar in fideoskerm yn The Forum in Inglewood, Kalifornje, yn 'e omkriten fan Los Angeles (de fideo is eins opnommen yn Bakersfield's Mechanics Bank Arena, dy 't doe Centennial Garden hiet). Oan 'e ein wurdt dúdlik dat se optreden hiene yn stadion sûnder publyk.
Muzikanten
bewurkje seksje- Dave Grohl – Sang & gitaar
- Chris Shiflett – Gitaar
- Nate Mendel – Bas
- Taylor Hawkins – Drums
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|