Allagen is in doarp yn de Kreis Soest yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It plak is part fan de gemeente Warstein. Sûnt 1 oktober 2020 hat Allagen 2423 ynwenners.

Allagen
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Lânkreis Soest
Gemeente Warstein
Sifers
Ynwennertal 2423 (1-10-2021)
Oerflak 41,32 km² (mei Niederbergheim)
Befolkingsticht. 59 ynw./km²
Hichte 271 m
Kaart
Allagen (Noardryn-Westfalen)
Allagen

De delsetting Allagen waard nei alle gedachten stichte om it jier 800 hinne en de plaknamme waard foar it earst neamd yn dokuminten yn de 12e iuw. De delsetting lei op de súdlike helling fan de Haar oant dy yn de 12e iuw fanwegen gebrek oan wetter ferpleatst waard nei de wâlkant fan de Möhne. Lân- en boskbou wiene yn dy tiid ekonomysk wichtich foar Allagen. Yn 1617 wiene der heksejachten yn Allagen, meardere manlju en froulju waarden eksekutearre fanwegen ûnderstelde hekserij.

Oant en mei 1974 wie Allagen in selstannige gemeente, yn it distrikt Warstein. Op 1 jannewaris 1975 gie de gemeente Allagen op yn de Gemeente Warstein. Dat hong gear mei de oergong fan Arnsberg nei Soest.

Ynfrastruktuer

bewurkje seksje

De B516 rint by it doarp del en ferbynt it doarp yn westlike rjochting mei Niederbergheim, en yn eastlike rjochting mei Sichtigvor en Belecke. De buslinen R51 Soest-Warstein, de 552 Skoallekompleks Soest-Niederbergheim-Warstein en de 651 Warstein-Belecke-Allagen-Niederbergheim fan de RLG betsjinje it plak.

It doarp hat in katolike en in gemeentlike beukerskoalle en in katolike basisskoalle.
Yn 'e jierren 1950 waard yn Allagen in steatsboskbouskoalle oprjochte om aspirant-boskbouwers op te lieden. As gefolch fan de reorganisaasje fan de boskbouoplieding yn Noordryn-Westfalen waard de boskbouskoalle yn Allagen yn de jierren 1970 sletten.

Oan de igge fan de Möhne stiet de katolike St. Johannestsjerke dy't yn 1891 wijd waard. It is de fjirde tsjerke op dit plak.

Oan de westkânt fan Allagen leit Haus Dassel, in eardere fabrikantefilla út 1841 dy't hjoed-de-dei, nei't it fabryk ôfbrutsen waard en it fabryksterrein omfoarme wie yn in park, tsjinst docht as museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: