Sichtigvor
Sichtigvor is in doarp yn de Kreis Soest yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It plak is part fan de gemeente Warstein. Sûnt 1 oktober 2020 hat Sichtigvor 2014 ynwenners. Sichtigvor is in twillingdoarp mei Mülheim.
Sichtigvor | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Lânkreis | Soest | |
Gemeente | Warstein | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2014 (1-10-2021) | |
Oerflak | 10,1 km² | |
Befolkingsticht. | 199 ynw./km² | |
Hichte | 240 m | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis en ûntwikkeling fan Sichtigvor is sterk ferbûn mei dy fan de oanbuorjende doarpen Mülheim en Waldhausen.
Fynsten oan 'e foet fan de berch Loermund út 'e Romeinske tiid laten ta in teory dat de Farusslach by Sichtigvor plakfûn hawwe soe, mar sûnt de fynsten yn Kalkriese is dy teory lykwols wjerlein. Nei alle gedachten binne de fynsten ôffal fan de oerbleaune Romeinske troepen op wei nei kampen yn Kneblinghausen of yn de omkriten fan Paderborn.
Op de Loermund stiet in fort út de achtste iuw, dêr't de oerbliuwsels no noch fan te sjen binne. It fort hearde ta in rige grinsposten dy't yn de Karolingyske perioade oprjochte wiene oan de grins mei it Saksyske fêstigingsgebiet. Dat, útwreide mei permaninte gebouwen, tsjinne letter ek as taflechtsoard foar de bewenners fan it sintraal lizzende Möhnedal.
De hjoeddeiske stêd Sichtigvor waard yn de santjinde iuw stifte as in delsetting fan betsjinners, foar de Dútske Oarder ôfkomstich út Mülheim an der Siegden Four (Nederdútsk foar in leechlizzende wei). De âldste dokumintearre fermelding datearret út 1656. De delsetting wie net ûndergeskikt oan de soeverein (doetiids de aartsbiskop fan Keulen ), mar oan de kommandant fan Mülheim. Dy status bleau ta de ûntbining fan de Dútske Oarder troch Napoleon yn 1809. Oant dy tiid wie it ôfhinklik fan Mülheim en waard dêrnei in ûnôfhinklike politike gemeente. Wat de tsjerke oanbelanget heart Sichtigvor tegearre mei Waldhausen noch hieltyd ta de katolike mienskip fan St. Margaretha Mülheim en foarmet tegearre mei dy plakken de parochy Mülheim/Möhne. Nei it Kongres fan Wenen yn 1815 foel de eardere oardergrûn yn hannen fan it Keninkryk Prusen.
Yn dy tiid libben de ynwenners fan Sichtigvor benammen fan lân - en boskbou. Yn it midden fan de njoggentjinde iuw fêstige dêr de keatlingsmidderij, dy't profitearre fan de iepenstelling fan it ferkear nei it Möhnedal (de hjoeddeistige B 516). Neist in pear yndustriële smidderijen wiene der ek tal fan hússmidderijen dêr't de keatlings yn makke waarden. De lêste smidderij sleat yn 1955 de doarren.
Yn 1898 waard der in spoarline boud yn Sichtigvor. It Möhnedal bea de ideale omstannichheden foar it oanlizzen fan in spoarline fan Soest nei Brilon. Belecke waard in knooppunt. Dêr krúste de Möhnetalbahn op de spoarline Warstein-Lippstadt, dy't in pear jier earder foltôge wie. Yn 1960 kaam in ein oan it passazjiersferfier en yn 1970 ek it frachtferfier.
Dêr't foarhinne it fêstigingsgebiet fuortendaliks oan en súdlik fan de Möhne lei, waarden yn de twadde helte fan de tweintichste iuw bougebieten oanwiisd yn de uterwaarden en letter ek op de súdhelling fan de Haar. Yn dy tiid wie it tal ynwenners yn Sichtigvor grutter as dy fan Mülheim.
Oant de gemeentlike weryndieling, dy't op 1 jannewaris 1975 fan krêft waard, hearde Sichtigvor ta de gemeente Allagen yn it distrikt Warstein, dy't dêrnei it distrikt Allagen fan de stêd Warstein waard. Dat gie mank mei de oergong fan Arnsberg nei Soest.
Ynfrastruktuer
bewurkje seksjeDe B516 rint dwers troch it plakje hinne en ferbynt it doarp yn westlike rjochting mei Niederbergheim en Allagen, en yn eastlike rjochting mei Mülheim en Belecke. It doarp hat mei trije supermerken in wichtige sintrumfunksje foar de omlizzende doarpen. De buslinen R51 Soest-Warstein , R71 Belecke-Rüthen-Brilon en de 651 Warstein-Belecke-Allagen-Niederbergheim fan de RLG betsjinje it plak. Yn it doarp is der in katolike basisskoalle, en in gemeentlike beukerskoalle.
Bysûnderheden fan it doarp
bewurkje seksjeIt doarpsbyld wurdt dominearre troch de tsjerke fan St. Margaretha (boujier 1707-1714) en it eardere slot fan de Dútske Oarder (boud om 1682 hinne). Hoewol't de tsjerke op it grûngebiet fan Sichtigvor stiet, is it de karspeltsjerke fan de parochy fan Mülheim, dêr't Sichtigvor op syn bar ta heart.
Yn 1845 rjochten de ynwenners fan Sichtigvor in krúswei op de noardlike helling fan Loermund. De orizjinele houten krusen waarden yn 1865 ferfongen troch sânstiennen eksimplaren. Yn 1890 waard op de Loermund de Kreuzbergkapel boud.
Yn 1896 waard oan 'e Möhnestrasse de Evangelyske St. Markuskapel boud, om't yn 'e rin fan 'e yndustrialisaasje hieltyd mear evangelyske kristenen harren fêstigen yn 'e foarhinne suver allinnich katolike doarp Sichtigvor.
Om oantinkens oan de keatlingsmidderij libjend te hâlden waard yn 1984 in keatlingmuseum mei in funksjonearjende smidderij oprjochte, dy't op ôfspraak besocht wurde kin.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Karspeltsjerke St. Margaretha en kleasterkapel op it kleaster tsjerkhôf
-
Markus kapel
-
Krúsberch as Loermund kapel
-
ketting smidse museum
-
Loftfoto fan Sichtigvor en Mülheim
-
Loftfoto fan it eardere ridderslot en lettere kleaster
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|