Allard Pierson Museum

It Allard Pierson Museum is it archeologymuseum fan de Universiteit fan Amsterdam ferneamd nei Allard Pierson (1831-1896), de earste heechlearaar yn keunstskiednis, estetika en moderne talen en letteren oan dy universiteit. Hy lei yn de jierren 1877 oant 1895 in samling gipsôfjitsels.

Allard Pierson Museum
  museum
It eardere gebou fan De Nederlandsche Bank, no Allard Pierson Museum
It eardere gebou fan De Nederlandsche Bank, no Allard Pierson Museum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Flagge fan Amsterdam Amsterdam
plak Flagge fan Amsterdam Amsterdam
adres Oude Turfmarkt
koördinaten 52° 22′ N, 4° 53′ E
Algemiene gegevens
ferneamd nei Allard Pierson
wurkmêd Argeology
oprjochting 12 novimber 1934
oprjochter Jan Lodewijk Pierson
Arsjitektuer
type gebou Kantoargebou (DNB)
arsjitekt Willem Anthonie Froger
boujier 1869
monumint. status Ryksmonumint
monumintnûmer 5780
Offisjele webside
allardpierson.nl
Kaart
Allard Pierson Museum (Amsterdam-Binnenstêd)
Allard Pierson Museum
Lokaasje yn Amsterdam
Yngong

De twadde heechlearaar dy't archeology ûnderrjochte oan de Universiteit fan Amsterdam wie J. Six. Hy hie in mânske samling boeken en antike dingen. Doe't er yn 1926 stoar, die bliken dat dy kolleksje ûnmisber foar de universiteit wie. Om de samling foar ûndersyk en ûnderwiis keapje te kinnen, waard 1932 de Allard Pierson Stichting oprjochte troch Allard Pierson syn soan Jan Lodewijk Pierson Sr.. De kolleksje waard ûnderbrocht yn in pân oan de Weesperzijde yn Amsterdam; de boppeste ferdjipping tsjinne fan 1931 ôf as museum.

Op 12 novimber 1934, neidat de kolleksje bot útwreide wie, wie de offisjele oprjochting fan it Allard Pierson Museum, oan de Sarphatistrjitte 129-131, hoeke Roetersstrjitte.

Ek dat pân waard te lyts, dat yn 1976 iepene Prinsesse Beatrix it gebou fan no, it eardere haadkantoar fan De Nederlandsche Bank oan de Oude Turfmarkt, dat datearret fan 1865.

It museum hat in samling Egyptyske, Mesopotamyske, Grykske, Etruskyske en Romeinske âldheden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: