Alloway (Skotlân)

Alloway (Skotsk-Gaelysk Allmhaigh) is in earder doarp yn Skotlân dat opnaam is yn de stêd Ayr. It plak is ferneamd as berteplak fan de dichter Robert Burns en as it plak dêr't syn gedicht Tam o' Shanter him ôfspilet.

Alloway
Allmhaigh
Burns Cottage
Burns Cottage
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Lânsdiel Skotlân
Greefskip Ayrshire
Council area South Ayrshire
Sifers
Ynwennertal 4.245
Oar
Postkoade KA7
De Auld Kirk mei it grêf fan William Burnes

Alloway en omkriten waarden 1935 opnaam yn de eardere Royal Burgh of Ayr en it is no in foarstêd fan Ayr oan de rivier de Doon.

Robert Burns

bewurkje seksje

It bertehûs fan Robert Burns, de "Burns Cottage", stiet yn Alloway, no njonken in museum dat de oarspronklike manuskripten fan syn poezy op 'e noed hat. Njonken de tsjerke stiet in 19e iuwsk betinkteken foar Burns, in ûntwerp fan de arsjitekt Thomas Hamilton.

De tichteby lizzende (ruïne) Alloway Auld Kirk en de âlde brêge oer de Doon (Brig o' Doon) komme foar yn it gedicht Tam O'Shanter en lûke no in protte toeristen. Burns syn heit, William Burnes, waard beïerdige yn de Auld Kirk. Om in 'spûkeftige sfear' te krijen, skynt der nachts in grien ljocht oer de ruïne.

Al de boppeneamde plakken en gebouwen dy't te meitsjen hawwe mei Burns wurde beheard troch de National Trust for Scotland en it Robert Burns Birthplace Museum.

Keppelings om utens

bewurkje seksje