Brig o' Doon
De Brig o' Doon (Skotsk foar "Brêge fan 'e Doon"), soms ek de Auld Brig ("Alde Brêge") of de Auld Brig o' Doon neamd, en yn it Ingelsk Old Bridge of Doon, is in tige pittoreske Let-Midsiuwske brêge oer de rivier de Doon by it doarp Alloway, yn it greefskip Ayrshire yn súdwestlik Skotlân. It is in fêste brêge, dy't sa smel is dat der inkeld fuotgongers en eventueel fytsers en ruters oer kinne. De Brig o' Doon is hat in monumintale Category A-status.
Brig o' Doon | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Keninkryk | |
lânsdiel | Skotlân | |
greefskip | Ayrshire | |
plak | Alloway | |
koördinaten | 55°25′33″ N 4°38′12″ W | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | brêge | |
subtype | fêste brêge | |
boujier | iere 15e iuw | |
oerbrêget | rivier de Doon | |
monumintale status | Category A | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 7,9 m | |
lingte | 22 m | |
kaart | ||
Lokaasje yn Skotlân.
|
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Brig o' Doon is in bôgebrêge dy't op it mulpunt 7,9 m heech is, rekkene fan it wetteroerflak ôf fan 'e derûndertroch streamende rivier de Doon. De brêge hat in lingte fan 22 m. Troch it grutte tal restauraasjes en reparaasjes dat de brêge troch de iuwen hinne ûndergien hat, binne der in protte ferskillende soarten en stilen fan stien yn 'e Brig o' Doon ferwurke.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Brig o' Doon is nei alle gedachten boud yn 'e iere fyftjinde iuw, hoewol't dêr gjin dokumintêr bewiismateriaal fan bewarre bleaun is. Neffens arsjitekturaal histoarikus John R. Hume soe de brêge boud wêze yn opdracht fan James Kennedy, in biskop fan Dunkeld en St Andrews, dy't yn 1465 kaam te ferstjerren. De earste fermelding fan 'e Brig o' Doon yn in histoaryske boarne datearret lykwols pas út 1512.
Tsjin 1593 waard de steat fan 'e brêge omskreaun as "ferrinnewearre". Troch de jierren hinne is de Brig o' Doon withoefolle kearen restaurearre, de lêste kear yn 1978.
Om it tanimmende ferkear te skewielen waard yn 1816 streamôf de New Bridge of Doon boud, dêr't ek hynder-en-weinen oerhinne koene. De âlde Brig o' Doon waard doe troch de lokale oerheid oan it ynhierde boubedriuw ferkocht om sloopt te wurden, sadat de stien op 'e nij brûkt wurde koe. Dêr kaam ferset tsjin ûnder de pleatslike befolking, en der waard in ynsammelingsaksje holden, sadat de âlde brêge weromkocht en beholden wurde koe.
De Brig o' Doon stiet ôfbylde op 'e £5-bankbiljetten fan 'e papierjildsearjes dy't yn 2007 en 2016 útjûn waarden troch de Bank fan Skotlân, yn 'e mande mei it stânbyld fan dichter Robert Burns, dat yn Dumfries stiet.
Yn 'e literatuer
bewurkje seksjeDe Brig o' Doon komt as dekôr foar yn it lêste kûplet fan it bekende gedicht Tam o' Shanter, fan Robert Burns, de nasjonale bard fan Skotlân. Dêryn is Tam op in hynder op 'e flecht foar Nannie de heks. Hy kin nauwerneed oan har ûntkomme troch de Brig o' Doon te brûken om 'e rivier oer te stekken, mei't heksen net oer streamend wetter hinne kinne. Nannie wit noch krekt de sturt fan Tam syn hynder fêst te gripen, mar troch de faasje fan 'e rit komt dy los: "The carlin caught her by the rump en left puir Meg wi' scarce a stump."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|