Alzette
De Alzette (Lúksemboarchsk: Uelzecht; Dútsk: Alzig of Elz(ig)) is in 73 kilometer lange rivier yn Frankryk en it Gruthartochdom Lúksemboarch. De rivier ûntspringt yn op in hichte fan 305 meter yn Lotaringen, yn de gemeente Thil en rint noch troch de Frânske gemeenten Villerupt en Audun-le-Tiche.
In Lúksemboarch streamt er troch de stêden Esch-sur-Alzette, Lúksemboarch en Mersch en mûnet dêrnei út yn de Soere by Ettelbruck.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alzette fan Wikimedia Commons. |