Amara Walker
Amara Walker (berne as: Amara Sohn; Los Angeles County (Kalifornje), 30 novimber 1981), is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster en presintatrise fan etnysk Koreaansk komôf. (Har foarnamme wurdt útsprutsen mei de klam op it earste wurdlid: ['æməɹə]). Hja hat foar ferskate lokale Amerikaanske tillefyzjestjoerders wurke, wêrûnder Fox News Chicago. Yn 2014 kaam se by CNN te wurkjen, as presintatrise en nijslêzeresse, mei as thúsbasis it CNN Center yn Atlanta.
Amara Walker | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Amara Walker yn 2014. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Amara Sohn | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 30 novimber 1981 | |
berteplak | Los Angeles County (Kalifornje) | |
etnisiteit | Koreaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, ferslachjouster, presintatrise | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | lok. stjoerders, CNN | |
bekend fan | CNN Today | |
jierren aktyf | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
Amara Walker op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeAmara Walker is hikke en tein yn it Kalifornyske Los Angeles County, ûnder de reek fan 'e metropoal Los Angeles. Hja is fan Koreaansk komôf, en sprekt njonken Ingelsk ek floeiend Koreaansk en Spaansk. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, folge se fan 1999 ôf in dûbele stúdzje politikology en tillefyzjesjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, dêr't se yn 2003 magna cum laude ôfstudearre mei twa bachelortitels.
Karriêre
bewurkje seksjeNeitiid wurke Walker fan 2003 oant 2005 by de lytse lokale radio- en tillefyzjestjoerder KMIR 6 News, yn Palm Springs, foar't se mids 2005 ferfear nei Miami, yn súdlik Floarida, dêr't se wurk fûn by de folle gruttere pleatslike stjoerder WTVJ, dy't ek wol bekend stiet as NBC6 Miami om't er liëarre is oan 'e Amerikaanske nasjonale stjoerder NBC. Walker presintearre dêr yn 'e wykeinen it jûnsnijs, en wurke troch de wyks as algemien ferslachjouster. Under de nijsferhalen dy't se yn dy tiid behannele, wiene bgl. de dea fan Osama Bin Laden, de Florideeske gûverneursferkiezings fan 2010 en de Republikeinske foarferkiezings yn Floarida fan 2012.
Teffens waard se as korrespondinte útstjoerd nei ferskate plakken bûten Floarida, lykas yn 'e simmer fan 2005, doe't se yn New Orleans en de steat Mississippy ferslach die fan 'e orkaan Katrina, en yn jannewaris 2010, doe't se út Haïty wei berjochte oer de ferwuostgjende ierdbeving dy't dat lân troffen hie. Njonken har wurk as sjoernaliste joech Walker fan 2010 oant 2011 ek les oan 'e Florida Memorial University yn it fak "tillefyzjenijsskriuwen en -ferslachjouwing".
Yn april 2012 troude Walker, dy't oant dy tiid ta ûnder har famkesnamme Amara Sohn wurke hie, mei de plastysk sjirurch Thomas Walker. Yn juny fan dat jier folge se him nei Chicago ta, dêr't er in nije oanstelling krigen hie. Amara Walker fûn dêr wurk by de mei de nasjonale omrop Fox ferbûne lokale stjoerder WFLD (oftewol Fox News Chicago), op 'e nij as presintatrise/nijslêzeresse yn 'e wykeinen en troch de wyks as ferslachjouster. Under de ferhalen dy't se dêr behannele wiene de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2012, in grutte staking ûnder learkrêften oan 'e skoallen yn 'e stêd, en it geweld dat de súdkant fan Chicago yn 'e besnijing hie.
Nei oardel jier ferliet Walker yn desimber 2013 Fox alwer. Sy en de man ferfearen nei Atlanta, yn 'e steat Georgia, dêr't Walker yn febrewaris 2014 begûn as fêst presintatrise/nijslêzeresse en mei as thúsbasis it ynternasjonale haadkertier fan 'e stjoerder, it saneamde CNN Center. Sûnt dy tiid hat se grutte nijsferhalen ferslein as de Russyske besetting fan de Krim, de syktocht nei it fermiste Maleizyske fleantúch Malaysia Airlines flecht 370, en de fearboatramp yn Súd-Koreä.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |