Ambachtshearlikheid

In ambachtshearlikheid of lege hearlikheid wie in hearlikheid fan in ambachtshear. Yn Hollân en Seelân wie de term tige húsriem. Bekende ambachtshearlikheidbesitters út de Gouden Iuw wienen Cornelis en Andries de Graeff, Andries Bicker, Johannes Hudde en Nicolaes Witsen.

De ambachtshearlikheid ûnderskiede him fan de frije- of hege hearlikheid meidat de hear gjin jurisdiksje yn halssaken hie. Neist rjochtspraak hearden ek bestjoer en wetjouwing ta it foech fan de hear. Dy liet útoefening fan al dy foegen meast oer oan in troch him beneamde skout (werklike útfiering troch skout en skepenen). Fierders hie de hear ûnder oaren rjocht op alderlei heffingen. Oarspronklik wienen de ambachtshearlikheden yn hannen fan eallju. Letter waarde sy faak kocht troch begoedige boargers en troch stêden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: