Ambigram
In ambigram, in gearstalling út it Latynske ambi- ("beide") en it Grykske -γραμ, -gram ("tekening", "skrift"), is skrift dat op mear manieren lêzen wurde kin: fan links nei rjochts én fan rjochts nei links, of rjochtop én ûnderstboppest.
It kin normaal en ûnderstboppest deselde of in oare tekst opleverje. Der binne ferskate soarten ambigrammen, lykas de neifolgjende twa: it rotaasjetype, in wurd dat presys itselde bliuwt at men it 180 graden draait, bygelyks it wurd 'nou'. In twadde soarte is it refleksjetype, dat yn spegelbyld lêzen wurde kin, bygelyks it wurd 'TOT'. Oer it generaal binne der gjin fêste methoades om in ambigram te meitsjen, mar der besteane stap-foar-stap ynstruksjes.
Dêrneist besteane der sûnt 1996 ferskate ambigramgenerators útkomd. De measte wurkje neffens it prinsipe fan de Ambimatic, in generator makke troch David Holst yn 1996. Dy generator brûkt in kolleksje fan 676 letters, wêryn ’t elke mooglike kombinaasje fan letters útwurke is. Sa kinne simpele ien-op-ien-ambigrammen makke wurde. Yn 2005 waard op de website flipscript.com in twadde metoade presintearre dy ’t in databank brûkt fan mear as 5000 kurves om kompleksere ambigrammen te meitsjen.
Galery
bewurkje seksje-
Ambigram Wikipedia. 180°-rotaasjesymmetry
-
Escher
-
Skuonanimaasje
-
Say Yes. 180°-rotaasjesymmetry
-
Muslim - Jude
-
SUN
-
Ideal
-
iPhone
-
Nouvel an
-
Real / Fake. 180°-rotaasjesymmetry
-
Say yes
-
metalen button op in boesgroentsje
-
Ambigram Rio 2016. 180°-rotaasjesymmetry. Logo foar de Olympyske Simmerspullen 2016 yn Rio de Janeiro
-
Ambigram mei 8 + 2 + 1 + 5. rotaasjesymmetry, spegelsymmetry
-
Magic dream fideo
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ambigrams fan Wikimedia Commons. |