American Fantasy Press

American Fantasy Press is lytse Amerikaanske útjouwerij, fêstige yn Woodstock, yn 'e steat Illinois. It bedriuw is eigendom fan en wurdt rund troch Robert T. Garcia en dy syn frou Nancy Garcia, en leit him ta op it publisearjen fan spesjaliteitsútjeften yn beheinde oplagen op it mêd fan 'e literêre sjenres fan science fiction, fantasy en horror.

American Fantasy Press
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
fêstige yn Woodstock (Illinois)
oprjochte 1996
oprjochter Robert T. Garcia
eigner Robert T. Garcia, Nancy Garcia
fuortk. út American Fantasy (tydskrift)
offisjele webside
www.americanfantasypress.com

De útjouwerij waard yn 1996 troch de Garcia's oprjochte en kaam fuort út Robert Garcia syn blêd American Fantasy, dat yn 1988 in bysûndere World Fantasy Award wûn yn 'e kategory net-profesjoneel tydskrift. By American Fantasy Press is wurk útjûn fan skriuwers as Dennis Etchison, Steve Rasnic en Melanie Tem, Neil Gaiman en Gene Wolfe, Michael Moorcock, Jo Fletcher, Mike Resnick en Mary Frances Zambreno. De útjefte fan American Fantasy Press fan The Man on the Ceiling, fan Rasnic en Tem, wûn in World Fantasy Award, in International Horror Guild Award en in Bram Stoker Award.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.