American Fantasy (tydskrift)

American Fantasy wie yn 'e 1980-er jierren in Amerikaansk tydskrift dêr't fiksje fan 'e sjenres fantasy en horror yn publisearre waard. It tydskrift wie in amateurútjefte dy't printe waard op papier fan US Letter-formaat, en byinoar holden waard troch in pear nytsjes yn 'e midden. Nettsjinsteande dat wie it ynhâldlik fan hege kwaliteit. It waard útjûn troch Robert T. Garcia en syn frou Nancy, fanút harren wente yn Woodstock yn 'e Amerikaanske steat Illinois. American Fantasy kaam likernôch ienris yn it fearnsjier út.

American Fantasy
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, horror
frekwinsje 1x yn it fearnsjier
bestean 1982 en 19861988
oprjochter Robert T. Garcia
plak haadred. Woodstock (Illinois)
útjouwer eigen behear
ISSN gjint
offisjele webside
n.f.t.

De earste edysje fan American Fantasy ferskynde yn febrewaris 1982, fan 'e hân Robert T. Garcia allinnich. Dêryn wiene benammen resinsjes opnommen fan literêre útjeften op it mêd fan fantasy en horror, en ek guon oangeande films fan dy sjenres. Fierders stie yn 'e earste edysje in lang fraachpetear mei horrorskriuwer Peter Straub. Nei de twadde edysje, dy't útkaam yn maaie 1982, hold American Fantasy op, en kaam it blêd pas wer út yn 'e hjerst fan 1986, mei in nije edysje nûmer 1.

De twadde searje edysjes, dêr't ek Garcia syn frou Nancy oan meiwurke, befette in grutter ferskaat oan materiaal, wêrûnder fiksje fan auteurs as Lois McMaster Bujold, Andrew M. Greeley, Mercedes Lackey en Tanith Lee. Fierders waarden fraachpetearen opnommen mei û.o. Ramsey Campbell, Alan Moore en Gene Wolfe, en frijwat rensinsjes dy't bydroegen wiene troch Charles L. Grant en oaren. Dy giene fral oer it wurk fan horrorskriuwers as Hugh B. Cave, Fritz Leiber en Manly Wade Wellman. Nettsjinsteande dat it tydskrift fan hege kwaliteit wie en yn 1988 in bysûndere World Fantasy Award wûn yn 'e kategory 'net-profesjoneel tydskrift', moasten de Garcia's nei de edysje fan winter 1988 mei American Fantasy ophâlde om't it harren net slagge en win genôch lêzers.

Robert T. Garcia is noch altyd aktyf op it mêd fan it útjaan fan spekulative fiksje mei syn útjouwerij American Fantasy Press.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: