It Amsteldjip wie in streamslinke en seegat yn de Kop fan Noard-Hollân. Oarspronklik foarme it de oergong tusken de Waadsee en de Sudersee.

It Amsteldjip wie tagelyk de skieding tusken it fêste lân en it eilân Wieringen. De streamslinke rûn oer yn De Meere, dêr wêr't no de polder Wieringermar leit, dat sels ûnderdiel wie fan de Sudersee. De slinke wie troch de iuwenlange wurking fan tijstreamen relatyf djip, foaral yn fergeliking mei de rest fan de Waadsee en De Meere.

Tusken Van Ewijckslûs en Wieringen fear tusken 1912 en 1934 in fearboat, dy't diel útmakke fan de tramline Wieringen–Schagen. De line waard iepene op freed 1 maart 1912 en wie yn de earste tolve jier frij súksesfol. Dêrnei waard it stadichoan minder, en op 31 desimber 1934 waard de lêste rit riden.

De brêge en slûs fan de Amsteldjipdyk by Van Ewijckslûs.

Yn 1924 waard in diel fan it Amsteldjip mei it Ulkedjip ôfsluten mei in dyk. Dy Amsteldjipdyk leit tusken Van Ewijckslûs en Wieringen en hat der ta laat dat in diel fan it Amsteldjip in mar waard; de hjoeddeiske Amstelmar. Troch de oanlis fan de dyk wie Wieringen gjin eilân mear.

De dyk wurdt ek wol de Lytse Ofslútdyk of Koarte Ofslútdyk neamd, dat omdat de dyk de test wie foar de grutte Ofslútdyk dy't letter oanlein waard. De dyk, dy't de Amstelmar op dit stuit beskermet tsjin de Waadsee en him skiedt fan it oerbleaune diel fan it Amsteldjip, wie in foarbyldprojekt foar de grutte Ofslútdyk. De yngenieurs stutsen der in soad fan op. Troch de weake grûn ferskode it dyklichem en waard de ûnderlaach der fansiden útparse. Oan de kant fan de Amstelmar is soks noch goed te sjen: lâns de dyk leit in natoergebiet dat "de fersakking" hjit. De Lytse Ofslútdyk is fierders fan belang omdat dêr foar it earst balstienliem tapast waard as bougrûn yn diken.

It oerbleaune stik fan it Amsteldjip wurdt noch altiten brûkt as farslinke.