Amsterdamske Bank

De Amsterdamske Bank (Amsterdamsche Bank) (AB) is in eardere Nederlânske bank. De bank waard 1871 oprjochte troch in tal benammen Dútske banken, laat fan de Bank für Handel und Industrie út Darmstadt. Yn 1964 gienen de Amsterdamsche Bank en de Rotterdamsche Bank (earder Robaver) byelkoar en waarden ta AMRO Bank.

Dútslân sike nei mooglikheden om te ynvestearjen yn útlânske bedriuwen, troch belizzen mei de herstelbetalingen dy't Frankryk betelle hie nei de Frânsk-Pruisyske oarloch (1870-1871). Mei de oprjochting fan AB sochten jin nei menieren om de Dútske en Nederlânske jildmerken mear mei elkoar te ferbinen. AB hie in hechte bân mei de Amsterdamske diamantyndustry, maar warde him ek op de oandielemerk.

AB rjochte 1901 har earste dochterûndernimming op, it Amsterdamsch Wisselkantoor, dat in selsstannich bedriuw wie. Rillegau soe Amsterdamsch Wisselkantoor festigingen iepenje yn Utert, Eindhoven, Almelo en Ynskedee. Letter soene alle kantoaren opnaam wurde yn it memmebedriuw en as kantoaren fan AB fierdergean.

De Amsterdamsche Bank krige ek belangen yn ferskate provinsjale banken, lykas de Helmondsche Bank en de Heerlener Bank. Fan 1911 ôf waard it foarbyld fan Robaver folge en naam AB in grut tal lokale banken oer. Foar de finansjierring fan de Belgyske diamantyndustry waard yn Antwerpen yn 1937 de Amsterdamsche Bank voor België oprjochte.

Yn 1939 hienen AB en Robaver útwurke fúzjeplannen klear te lizzen, mar holden dy yn it laat doe't der op like dat it hast net oars koe dat Nederlân belutsen wurde soe by de Twadde Wrâldkriich. Begjin 1940 naam AB yn Alkmaar Noordhollandsch Landbouwcrediet oer, in bank wêr't AB ek oan de widze stien hie. Fierwei de belangrykste bankfúzje wie lykwols de oername fan de Incasso Bank mei 1 jannewaris 1948.

Nei de oarloch wie de AB mei trije oare grutte Europeeske banken behelle by de opset fan it European Advisory Committee, dat him ûntjaan soe ta de Banque Européenne de Crédit à Moyen Terme yn 1967.