Andre Bralts
Andre Bralts (Ekslo, 1945 - De Wylgen, 29 augustus 2010) [1] wie in polemist, redakteur en muzikant.
Nei in net-ôfmakke stúdzje Nederlânsk yn Grins begûn er letter mei it (Ald)-Frysk, ek oan de RUG. Hy studearre ôf op in skripsje oer de poëzij fan Jan J. Bijlsma. Yn 1987 helle syn eardere stúdzjemaat Jan Pieter Janzen him by tydskrift De Strikel. Dêr hie er oant de ein yn 1995 in fêste polemyske rubryk, 'Koartsein'.
Nei't De Strikel ferdwûn, stoarte hy him op it skriuwen fan Grinzer jankfoddemuzyk. Bralts waard yn de jierren santich bekend as André Barré, de helte fan it Tragysk Duo Paul (Morelli) & André. Letter kaam akkordeonist Joop Douwma der by. Yn 2000 gienen Bralts en Douwma fierder yn de band Woarom Nait. Harren bekendste nûmer is 'Hol mie tegen'. Mei Sido en Trienke Martens makke er yn eigen behear de CD 'De keuning te ryk'.
Doe't Janzen einredakteur fan Trotwaer/De Moanne waard, frege er Bralts wer. Hy skreau dêryn ûnder mear oer himsels. Bralts wurke mei oan de Rink-special foar it septimbernûmer fan opinyblêd De Moanne. Dêrfoar ynterviewde hy Hindrik en Joukje Visser, de 'behearders' fan it arkje, mei wa't er alle jierren ek de Boekemerk yn Drachten mei opboude.
Diskografy
bewurkje seksje- De keuning te ryk
- Wat ik altied mooi von (mei Sido Martens, 2009)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |