Ankie Koopmans - de Vos (Meppel, 1952) is in byldzjend keunstner dy't opgroeide yn Stienwyk en sûnt 1974 yn De Blesse wennet.

Nei har stúdzje oan de kûpeuze moadefakskoalle (1968 - 1970). hat se har nei 1988 talein op it tekenjen fan portretten en lânskippen skilderjen. Se krige les fan dosinten as Ton Verhij, Roel Smelt, Eduard Moleveld en Vincent van de Post.

Spesjaliteit binne portretten dy't se fan foto's makket of troch posearjen. Har portretten foelen sa op dat se frege waard om in portret te tekenjen fan Jan Katers, ien fan de beide oprjochters fan it fabryk De Dijka yn Stienwyk. Se is ek faak te sjen op keunstmerken, omdat minsken en bisten har favorite ûnderwerpen binne. Se is boeid troch it kleurespul fan ljocht en wetter.

It sykjen nei foarm en komposysje late der ta dat se letter ek byldhouwen gie. Lessen krige se dêrby fan Lia Versteege en Gosse Dam. Se wurket dan mei klaai, stien en aluminiumseminten bylden. Foar de gemeente Stienwyk makke se yn 2000 bygelyks portretten fan de âld-boargemasters Molendijk en Schippers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: