Anno Houwing (Wedde, 9 oktober 1905 - Ljouwert, 29 novimber 1983) wie in Nederlânske fersetsstrider en plysjekommissaris fan Ljouwert yn de perioade 1946-1968.

Anno Houwing
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anno Houwing
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 oktober 1905
berteplak Wedde
stoarn 29 novimber 1983
stjerplak Ljouwert
wurkpaad
berop/amt plysjekommissaris
reden
  bekendheid
Kneppelfreed

Houwing begûn syn karriêre yn 1925 by de gemeenteplysje Grins, dêrnei yn Hilfertsom en Assen. Waard yn 1940 beneamd ta ryksresersjeur by it parket fan de Prokureur-Generaal fan it parket fan Plysje by it Gerjochtshof yn Ljouwert. Hy naam ûntslach doe't hy troch de Dútske besetter nei Den Haach oerpleatst waard en belanne yn it Fryske ferset. Hy wurdt beskôge as geastlik heit fan it Feemgerjocht. Nei de oarloch waard hy beneamd ta kommissaris fan plysje yn Ljouwert. Yn dy funksje joech hy ûnder oare opdracht om in demonstraasje foar it gerjochtshof yn Ljouwert mei hurde hân út elkoar te driuwen. In barren dat letter bekend stean soe as Kneppelfreed.