Anton Geesink
Anthonius Johannes (Anton) Geesink (Utert, 6 april 1934 - Utert, 27 augustus 2010) wie Nederlânsk wrâldkampioen judo en lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC).
Anton Geesink | ||
sporter | ||
Anton Geesink (1956) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anthonius Johannes Geesink | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 6 april 1934 | |
berteplak | Utert | |
stjerdatum | 27 augustus 2010 | |
stjerplak | Utert | |
lingte | 1,98 m | |
gewicht | 120 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Judo, Wrakseljen | |
earste titel | NK (1951) | |
O.S. | Tokio 1964 | |
debút | 1949 | |
karriêre-ein | 1967 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x goud Olympyske Spullen 1964 |
Hy wie yn 1961 de earste net-Japanner dy't wrâldtitel yn de swierste klasse judo wûn, en wie ek yn 1965 de bêste fan de wrâld. Yn 1964 skokte hy it gastlân Japan doe't er op de Olympyske Spullen yn Tokio yn de finale de Japanner Akio Kaminaga fersloech en dêrtroch Olympysk kampioen judo waard. Geesink waard 21 kear Europeesk kampioen en wûn yn Nederlân njonken 21 nasjonale titels yn it judo ek yn 1957, 1958, en 1959 in nasjonale titel yn it Gryksk-Romeinsk wrakseljen.
Nei syn judokarriêre bleau Geesink ek as bestjoerder aktyf yn de sportwrâld. Hy makke sûnt 1987 diel út fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee. Anton Geesink ferstoar op 27 augustus 2010 yn de âldens fan 76 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|