Anton Hildebrand
A.D. (Anton) Hildebrand (Grins, 11 juny 1907 - Kollum, 29 juny 1977) wie in skriuwer fan Nederlânske berneboeken.
Libben
bewurkje seksjeHildebrand groeide op yn Amsterdam. Hy studearre Letteren oan de Universiteit fan Amsterdam en wurke as sjoernalist. Yn 1928 giet er wurkjen foar de AVRO en rekke belutsen by it meitsjen fan harkspullen.
Hy skreau yn totaal sa'n 250 berneboeken, it leafste bisteferhalen. Syn bekendste boekerige wie Bolke de Bear, dêr't it earste diel yn 1935 fan ferskynde. Dat waard folge troch 9 ferfolchdielen, ûnder oare oer de soan fan Bolke en syn freon Dorus Das. In oare rige gie de reuzen Belfloor en Bonnevu.
Hildebrand makke yn de fyftiger jierren mei oaren skoalboekjes foar de Iepenbiere Skoalle. Syn harkspullen wienen yn dy tiid te hearen op de VARA-radio. Bekende harkspullen wienen: Monus, de man van de maan, en Brilstra's bromvlieg.
Tonio Hildebrand, syn soan, wie in bekende autocoureur.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Profyl DBNL
- A.D. Hildebrand by oudejeugdboeken.nl