Antonina Houbraken
Antonina Houbraken (Doardt, doopt 31 maaie 1686 - Amsterdam, begroeven 12 desimber 1736) wie in Noardnederlânske tekeneresse.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHoubraken wie in dochter fan de Doardtske skilder Arnold Houbraken (1660-1719) en fan Sara Sasbout Souburg. Sy learde it tekenjen fan har heit, dy't sy assistearre mei syn Schouburg. Yn 1723 troude sy mei de goudsmid en tekener Jacobus Stellingwerff. Tegearre makken sy topografyske tekeningen yn opdracht. Antonia har meast wichtige opdrachtjouwers wienen heit Andries en soan Gerrit Schoemaker. Dêrnjonken makke sy ek titelprinten en portretten. Nei de dea fan har man yn 1727 gie sy troch mei syn wurk. Sy ûndertekene har wurk ôfwikseljend mei har eigen namme en dy fan har ferstoarne man.
Houbraken stoar yn desimber 1736 yn Amsterdam yn de âldens fan 60 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Bronnen
|