Antonio Napolioni
Antonio Napolioni (Camerino, 11 desimber 1957) is in Italjaansk roomsk-katolyk geastlike. Hy is sûnt 2015 biskop fan Cremona.[1][2]
Antonio Napolioni | ||
geastlike | ||
nasjonaliteit | Italjaansk | |
bertedatum | 11 desimber 1957 | |
berteplak | Camerino (Marke) | |
etnisiteit | Italjaansk | |
biskop fan Cremona | ||
amtsperioade | 2015 – no | |
foargonger | Dante Lafranconi | |
opfolger | noch ûnbekend |
Libbensrin
bewurkje seksjeNapolioni waard yn 1957 berne yn Camerino, yn 'e Italjaanske regio Marke. Hy begûn mei in stúdzje rjochtsgeleardheid oan de Universiteit fan Camerino, mar besleat letter om nei it seminaarje fan Fano te gean.
Napolioni waard ta pryster wijd op 25 juny 1983. Op 16 novimber 2015 waard er ta biskop fan Cremona beneamd. Op 30 jannewaris 2016 waard er ta biskop wijd troch syn foargonger Dante Lafranconi, biskop-emeritus fan Cremona.[3] [4]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|