Antonius Brugmans

Antonius Brugmans (Hantum, 22 oktober 1732 - Grins, 27 april 1789) wie heechlearaar yn de wiisbegearte en natuerkundige oan de Universiteit fan Frjentsjer(1755) en heechlearaar yn de wis- en natuerkunde oan de Universiteit fan Grins (1766). Hy wie de heit fan Sebald Justinus Brugmans, botanikus en heechlearaar.

Antonius Brugmans
(Koll. Museum Martena)

Antonius Brugmans waard bekend om syn stúdzjes oer common sense, it magnetisme en it ferlizzen fan de grinzen fan de fysika. Hy wie in oanhinger fan Isaac Newton.

LiteratuerBewurkje

  • M.J. Petry en M.R. Wielema - Antonius Brugmans (1732-1789) : bruggenbouwer in de filosofie