Antonov An-2
Antonov An-2 | |
---|---|
Rol | muli role |
Makker | Antonov |
Untwerper | Oleg Antonov |
Earste flecht | 31 augustus 1947 |
Yn tsjinst | 1948 |
Ut tsjinst | n.f.t. |
Tal makke | 18.000 (1947-2001) |
Brûkers | Sovjet-Uny,Noard-Korea Sina protte oaren |
Farianten | Antonov An-3 (An-2 mei turboprop) |
De Antonov An-2 (Russysk: Ан-2, bynamme Annûska) (NAFO-koadenamme: Colt) is in fleanmasine dy't troch haadûntwerper Oleg Antonov ûntwurpen is. Hy sketste it ûntwerp yn de Twadde Wrâldoarloch. Nei de oarloch stichte Oleg het Antonov Aviation Scientific-Technical Complex op om de Antonov-twadekker te fabrisearjen.
De Antonov An-2 waarden tal fan farianten fan makke; der waarden tastellen brûkt foar passazjiersferfier, fracht, eksploraasje, ambulancetsjinst en lânbou. De An-2 koe útrisd wurden mei tsjellen, sky's of driuwers. It tastel koe hiel wat ferneare en wie dêrom gaadlik foar de faak hurde omstannichheden yn de Sovjet-Uny. It tastel waard in sa'n grut súkses dat it ek yn lisinsje boud waard yn oare lannen, ûnder oaren yn Poalen en Sina. Der binne totaal likernôch 18.000 fan makke dy't fral yn de eardere Eastbloklannen brûkt waarden.
Nei de delfal fan it kommunisme yn Jeropa binne der in protte tastellen troch westerlingen kocht. Se wurde û.o. brûkt foar parasjutespringen en yn Kanada en Amearika wurde se as transportfleantugen ynset op flechten nei de wyldernissen fan Alaska en it hege noarden fan Kanada. Yn Nederlân binne ek twa fleanreeë eksimplaren. De Hongaarsk registrearre HA-ANI hat as thúsbasis Fleanfjild Teksel. Sûnt 2003 is der in Antonov 2 mei de registraasje D-FONL, dy't út Teuge wei fleand. De firma Classic Wings, dy't in ferfiersfergunning hat, fljocht mei dy An-2 yn hiel Nederlân en oanswettende lannen.
It tastel wurdt hjoed-de-dei wer makke troch in Russyske firma, mar no mei in turbopropmotor en in nije digitale cockpit. Dit tastel wurdt de An3-t neamd.
Spesifikaasjes
bewurkje seksjeMjitten en prestaasjes | Antonow An-2P (WSK-PZL) |
---|---|
Bemanning | 1-2 |
Passazjiers | 12 |
Lingte | 12,74 m |
Spanwiidte | boppe: 18,18 m / ûnder: 14,24 m |
Fleugeloerflak | meiïnoar 71,60 m² |
Hichte | 4,13 m |
Topfaasje | 258 km/o (op 1750 m) |
Krúsfaasje | 190 km/o |
Fleanberik | 1.390 km (mei folle tank, sûnder reservetanks) |
Tsjinstplafond | 4.400 m |
Gewicht leech | 3.450 kg |
Maks. startgewicht | 5.500 kg |
Oandriuwing | Njoggensylinder-stjermotor Schwezow ASch-62IR |
Motorfermogen | 736 kW (1.000 hk) |
Startbaan nedich | 150 m |
Lâningsbaan nedich | 180 m |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Antonov An-2 fan Wikimedia Commons. |