Aragats
De Aragats (Armeensk: Արագած) is in stratofulkaan fan 4.090 m heech. De berch is tagelyk it heechste punt fan Armeenje en de Lytse Kaukasus. De Aragats leit yn 'e provinsjes Aragatsotn en Sjirak, likernôch 40 km noardwest fan 'e Armeenske haadstêd Jerevan. Op 'e hellingen fan 'e fulkaan lizze de plakken Asjtarak, Artik, Aparan, Talin, Osjakan en Bjûrakan.
Aragats Արագած | ||
berch | ||
geografy | ||
lân | Armeenje | |
berchtme | Lytse Kaukasus | |
sifers | ||
hichte b. seenivo | 4.090 m | |
oar | ||
soarte berch | fulkaan | |
1e beklimming | july 1843 | |
1e beklimmer | Chatsjatûr Abovjan en Moritz Wagner |
Neffens de Armeenske tradysje is de namme Aragats gearstald fan 'e wurden Ara en gah, dat as 'Ara's troan' oerset wurde kin, in ferwizing nei de legindaryske kening Ara de Kreaze. Neffens de iermidsiuwske kronykskriuwer Movses Chorenatsi soe de berch ferneamd wêze nei Aramaneak, de soan fan Hajk, de legindaryske patriarch fan 'e Armeenjers.
Neffens in âlde Armeenske leginde soe Gregoarius de Ferljochter faak op 'e top fan 'e berch bidden ha. Nachts krige er dêr ljocht fan in lampe, dy't sûnder tou oan 'e himel hong. Guon sizze dat ek hjoed-de-dei in ljocht boppe de berch te sjen is, mar allinne dyjingen kinne dat ljocht waarnimme dy't dêrta útkeazen binne.
De berch spile in grutte rol yn 'e Armeenske skiednis en kultuer. In soad monuminten binne op 'e hellingen te sjen, lykas û.o.:
- It mausoleum yn Aghdzk fan 'e dynasty fan 'e Arsasiden datearret út de 4e iuw.
- Op in hichte fan 2.300 m stiet it midsiuwske fort Amberd en de 11e-iuwske Vahramasjentsjerke.
- Oan 'e autodyk nei Amberd leit in magnetyske heuvel, dy't in toeristyske attraksje waard fanwegen in optyske yllúzje dat in ôfdaling in beklimming liket te wêzen.
- Op 'e hellingen leit ek de ferneamde stjerrewacht fan Bjûrakan, dy 't yn 'e 20e iuw fan Armeenje ien fan 'e sintra yn 'e wrâld fan it ûndersyk fan 'e astrofysika makke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|