Arboricultura
Arboricultura is in studinteferiening fan de Hegeskoalle Van Hall Larenstein en MBSC Helicon yn Felp.
Skiednis
bewurkje seksjeArboricultura (Latynsk: it in kultuer bringen fan beammen) waard yn 1908 yn de molksalon fan Stolker Boskoop oprjochte troch Karel Jan Perk jr., Jan Niemeijer en Henri Roeters van Lennep as feriening foar learlingen en âld-learlingen fan de Rykstúnbouskoalle. Yn 1910 krige de feriening in namme, betocht troch in âld-direkteur fan de Rykstúnbouskoalle. De feriening wie ynearsten allinnich in gesellichheidsferiening, maar krige stadichoan mear in foarmjende funksje. De aktiviteiten bestienen út de wyklikse soasjeteitsjûn en in lêzing yn it fakgebiet. Yn 1911 hie de feriening 45 leden, twa jier letter wiene dat 79, plus 24 donateurs.
Yn de Earste Wrâldkriich waard de feriening ynearsten op non-aktyf steld. Earst sân jier letter, mei de fiering fan it 3e lustrum fan Arboricultura, dat gearfûl mei it sulveren jubileum fan de skoalle, kaam de feriening wer ta libben. Dat wie mei troch it tanimmend tal learlingen fan de Ynjeske kursus. Mei it feesten wurdt de feriening wer nij libben ynblaasd. Benammen bekend wie it bestjoer fan 1935-1936, dat op 15 maart 1935 it blêd Cultor oprjochte, de foarrinner fan it hjoeddeiske ferieningsblêd Trans. It blêd hie as doel de yllustrator te wêzen fan de foarfallen yn en om Boskoop, wêrûnder in ierdbeifuif, mei slachrjemme op de muorren as kennismakking fan de nije learlingen, dit folge troch in nachtkuier mei oanslutend neaken swimmen. Ek waard der in Ynjeske jûn organisearre mei Javaanske dûnsen en folkloare. De hichtepunten yn it ferieningslibben wienen de fuiven, ien oan it begjin fan it skoaljier, ien om de Krystdagen hinne, ien om Peaske en as lêste in einfuif. Dêrneist waard alle fiif jier it lustrum grut fierd.
It ferieningslibben bleau aktyf, nettsjinsteande de druk fan de Twadde Wrâldoarloch. Der waarden hieltiid noch wedstriden hâlden en toanielfoarstellingen jûn. Ek al wienen der finansjele swierrichheden en wie der gebrek oan fasiliteiten, it ferieningslibben gie gewoan troch. Doe't yn 1945 de lessen wer begûnen, begûn ek Arboricultura wer te bloeien, wat bliken die út it fieren fan it 8e lustrum yn 1948, tagelyk mei it goudene feest fan de RTS. Dat de leden net allinnich feestfierden bliek ek by de wettersneed fan 1953. Studinten holpen mei om de diken te tichtsjen en de grutte foarrieden jirpels te bergjen, dy't ûnder 30 sintimeter wetter yn de klaai sieten.
In 1972 fusearre Arboricultura mei de studinteferiening Thyrsus fan de HTO (Hegere Túntechnyske Oplieding). Troch dit mei-inoar gean waard Arboricultura de studinteferiening fan de RTS en de HTO.
De RTS en de HTO ûndernommen sûnt mei-elkoar aktiviteiten wêrtroch't de ûnderlinge sfear ferbettere. De sositeit as middelpunt fan Arboricultura, krige yn 1968 nei omswalkings einlik in eigen ûnderkommen oan de Koarte Biezen. Yn 1976 ferhuze de feriening nei De Rinkelbel, de eardere beukerskoalle oan de Azalealeane. Sûnttiids groeide de feriening stadichoan troch en nommen de aktiviteiten ta. De ûntgrieningswike feroare yn in yntrowike, dêr't nije studinten, Sinkelingen, mei elkoar yn de kunde komme koennen. Mei-inoar waarden prunussen rûge op de Utertse Heuvelrêch en jûns waard der gesellich feest fierd. In soad aktiviteiten waarden regele, lykas sportdagen, útsjes nei kulturele aktiviteiten, films en folle mear.
Hjoed de dei
bewurkje seksjeDoe't yn 1988 de ferskate opliedingen fan de doetiidske Ynternasjonale Agraryske hegeskoalle Larenstein (tsjintwurdich Hegeskoalle Van Hall Larenstein) fusearren en yn 1993 yn ien gebou yn Felp gienen, ferhuze Arboricultura mei nei Felp. Nei lang sykjen waard in geskikt ûnderkommen fûn: it eardere Felpsk Feilinghûs. Tagelyk mei de feriening ferhuze ek it begryp Gaît mei. Dizze namme hawwe de leden fan Arboricultura oan de Boskopers te tankjen. Doe't de skoalle noch dêr siet, moasten de learlingen in soad planten en strûken oan de tûken werkenne. Dizze planten waarden faak snoeid en út tunen helle om se better bestudearje te kinnen. De Boskopers seagen dit ferskynsel faak en seagen de gelikenis mei in geit (yn it Boskoopsk ‘Gaît’). Yn de rin fan de jierren waard dat in geuzenamme. Dat is ek de reden dat dat dier op it wapen fan de fereniging tepronk stiet.
Arboricultura fierde yn 2008 syn 20e lustrum en is hjirmei ien fan de âldste HBO-studinteferieningen fan Nederlân.
Takomst
bewurkje seksjeMei koarten sil de feriening wer ferfarre moatte. It finen fan in nij pân blykt oant no ta net maklik.
Eksterne ferbannen
bewurkje seksjeArboricultura is lid fan it Nasjonaal Agrarysk Foarsittersoerlis (NAFO). By dat oerlis, tusken de foarsitters fan de studinteferienings fan agraryske hegeskoallen, wurde de problemen en kânsen dy't spesifyk binne foar dizze groep besprutsen. Dêrneist wurdt der foar alle leden fan dit oerlis jierliks in nasjonale sportdei organisearre. De leden fan de NAFO geane ek geregeldwei by elkoar op besite, om de bannen tusken de ferskillende ferienings noch mear oan te heljen.