Are
In are (ôfkoarte ta a) is in lânmjitkundige oerflaktemjitte dy't faak brûkt wurdt om 'e grutte fan perselen lân út te drukken. Dêrby giet it benammen om perselen lânbougrûn of bosk, mar ek wol om bouperselen.
In are omfettet in gebiet fan 100 m², oftewol in kante dekameter (1 dam²).
Oare oerflaktemjitten, dy't basearre binne op 'e are, binne:
Sûnt de algemiene ynfiering fan it Système International (SI) en de oerflaktemjitten dy't dêrta hearre (lykas m², dam², hm², km²), jildt de are as ferâldere en moat eins de kante meter (m²) as basisienheid brûkt wurde om oerflaktemjitten yn út te drukken. Yn 'e Jeropeeske Uny wurdt it gebrûk fan 'e are yn beskate fakgebieten, lykas kadastrale registraasjes, lykwols noch altyd tastien.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |