Arent Johan fan Glinstra

(Trochferwiisd fan Arent fan Glinstra)

Arent Johan fan Glinstra (Koarnjum, 1754 - Ljouwert, 31 maaie 1814) wie grytman fan Haskerlân. Arent wie de soan fan Watze (Valerius) fan Glinstra, postmaster fan Fryslân, en Anna Catharina fan Haersma. [1]

Yn 1770 skreau de jonge Arent him yn as studint by de Akadeemje fan Frjentsjer. Ta syn learmasters hearde de heechlearaar teology Samuel Manger en fan 26 july 1774 ôf folge hy kolleezjes by de heechlearaar Romaanske talen Johan Hendrik Verschuur.[2] Hy promovearre op 29 july 1774 yn de rjochtsgeleardheid.[3] Arent fan Glinstra waard yn 1790 grytman fan Haskerlân, as opfolger fan Schelte Hessel Roorda fan Eysinga. Fiif jier letter waard hy oan it begjin fan de Frânske tiid yn 1795 ôfsetten. Nei dy tiid hat hy fan 1812 oant syn dea lid west fan de Algemiene Rie fan it Departemint fan Fryslân.[4]

Ruters by in merketintsterstinte; kopy fan A.J. fan Glinstra nei Philips Wouwerman

Nei 1795 libbe hy benammen as rintenier en wijde hy him oan syn leafhawwerijen. Hy wie amateurkeunstner en stie bekend as keunstleafhawwer.[5] Hy krige les fan de Amsterdamske behangskilder Jurriaan Andriessen en makke benammen kopyen fan wurken fan oare keunstners. In soad fan syn skilderijen byldzje lânskippen út mei soldaten, ruters of wyldjeiers.

Soasjeteitsgebou yn Ljouwert

bewurkje seksje

Op 7 augustus 1799 kocht Arend Johan van Glinstra yn Ljouwert foar 7830 karolusgûnen en 20 stuorren in hûs oan de Nijstêd nûmer 150. [6] Neffens de omskriuwing hie it hûs op de ûnderste ferdjipping in foar- en efterkeamer, beide mei "vuursteden", bêdsteden en kasten. In romme treppen late nei de boppeferdjipping dêr 't twa grutte keamers wiene dy 't ferbûn wiene troch in porte-brisée. Dy keamers waarden brûkt as soasjeteitsseal fan it patriottegenoatskip De Fraterniteit, dat it hûs oant dan yn besit hân hie. It genoatskip wie koart dêrfoar opheft omdat der in soad ûnderlinge politike ferdieldheid wie. [7] Om de soasjeteitsfunksje wie der yn de grutte tún efter it hûs, neist in blikke en grientetún, in oerdekte kolfbaan. Fan Glinstra wreide it persiel yn dyselde tiid út troch it oankeapjen fan in húske, mei in wearde fan 317 karolusgûnen en 20 stuorren, oan de Fermanjestege, njonken de doopsgesinde tsjerke. [8] Koart nei de oankeap hat Fan Glinstra it hûs ferboud en útwreide mei in efterhûs. Doe 't op 19 july 1814 in boelguodynventaris fan it hûs opmakke waard, blykte de ûnderferdjipping te bestean út fjouwer ynstee fan twa fertrekken en waard sprutsen oer in foar- en eftersouder. [9] Nei de dea fan Fan Glinstra fererve it hûs op syn neef jhr. Valerius Loadewyk Vegelin fan Claerbergen (1774-1844). Arend fan Glinstra ferstoar op 31 maaie 1814 yn syn hûs oan de Nijstêd. Hy wie net troud en mei him stoar it laach Fan Glinstra út. Hy beneamde de bern fan syn suster Louisa Albertina (1749-1772), dy 't troud wie mei Pieter Benjamin Philip Ernestus Vegelin fan Claerbergen (1743-1780), as syn erfgenamten. De neef Valerius Lodewijk erve fjouwerseisde fan de neilittenskip, de beide susters Helena Corien en Anna Catharina Wilhelmina krigen elk in seisdepart taparte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. De Haan Hettema en Van Halmael 1846, diel I, side 258
  2. Ibidem, nr. 13667. Sjoch ek: Album Promotorium Franeker 1972.
  3. Album Studiosorum Frjentsjer 1968, nr 13475
  4. Baerdt van Sminia 1837, siden 360-361
  5. Boschma 1978, side 138
  6. GA Ljouwert, Grut Konsintboek 1800, fol. 205v (akte dd. 14 maart 1800)
  7. Eekhoff 1846, side 201-202
  8. GA Ljouwert, Lyts Konsintboek 1800, fol. 165v (akte dd. 1 maart 1800)
  9. R.A. Fryslân, Argyf 332-7, ynf. nr 9 (stikken betreffend de fereffening fan de boel fan Arend fan Glinstra). Boelynventaris opmakke troch de notarissen Kutsch en Kratsch