Ark of Covenant Church (Ljouwert)

De Ark of Covenant Church (Tsjerke fan 'e Arke fan it Ferbûn) is in tsjerke yn Ljouwert. Hja komme byinoar oan 'e Bleekloane yn it gebou, dat offisjeel noch fan 'e Frije Baptisten is.

Ark of Covenant Church
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Bleekloane 119
koördinaten 53°12' N 5°48' E
Arsjitektuer
arsjitekt A.J. Feddema
boujier 1929
boustyl Art deco
Webside
www.arkofcovenantchurch.org
Kaart
Ark of Covenant Church (Ljouwert-Binnenstêd)
Ark of Covenant Church

Ark of Covenant Church

bewurkje seksje

De Ark of Covenant Church is in groeiende gemeente yn Ljouwert en wie foarhinne fêstige op meardere lokaasjes, foar it lêst oan it Súdfliet. Sûnt de Frije Baptisten fanwegen it tanimmende ledetal nei it WTC ferhûzen, fiert de Ark of Covenantgemeente harren tsjinsten oan 'e Bleekloane. It is in migrantetsjerke en de leden fan 'e gemeente komme oarspronklik benammen út Afrikaanske lannen, mar ek minsken út oare mienskippen binne lid fan 'e tsjerke. De leden fan 'e Ark of Covenant Church wenje foaral yn Ljouwert, mar komme ek út de omkriten wei. De fiertaal yn 'e tsjerke is Ingelsk.[1]

 
Ynterieur.

De tsjerke waard yn 1929 boud as it ferieningshûs "Ons Huis" fan 'e herfoarme gemeente. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it omboud ta in kapel fan de Nederlânsk-Herfoarme gemeente (Galileeërkapel). Healwei de jierren 1970 waard it gebou ferkocht oan in gruthannel yn skuon. Sûnt 1993 krige it gebou foar de evangelyske gemeente Perspectief op 'e nij in tsjerklike funksje .[2][3] Sûnt 2009 makke de Frije Baptisten gemeente De Wijngaard gebrûk fan 'e tsjerke. It gebou wie al yn in pear jier tiid foar De Wijngaard te lyts doe't de Frije Baptisten nei in grutter ûnderkommen ferhûzen.[4]

It gebou wurdt tsjintwurdich sneins brûkt troch de Ark of Covenant Church en op saterdeis troch de Messiaanske mienskip. Ek in lyts tal Sry Lankaanske kristenen komt hjir byinoar.

Fan it oarspronklike ynterieur is neat mear oanwêzich.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: