Arktyske Kaap
De Arktyske Kaap (Russysk: Мыс Арктический; Mys Arktitsjeski), yn it stalinistyske tiidrek Kaap Molotov (Мыс Молотова; Mys Molotova) neamd, is it noardeastlikste punt fan it eilân Komsomolets, dat it noardlikste eilân is fan de Russyske eilannegroep Noardlân (Severnaja Zemlja) yn de Noardlike Iissee. It leit op 990,7 kilometer fan de Noardpoal en wurdt bytiden as startpunt brûkt foar de ekspedysjes dêrhinne.
Alhoewol’t de Arktyske Kaap yn it fiere noarden fan Ruslân leit, is it net it noardlike punt fan it lân. Dat is Kaap Fligely op Rudolfeilân yn de arsjipel Franz Joseflân. It noardlike punt fan it Eurasjatyske fêstelân is Kaap Tsjeljoeskin op it Taymyr Skiereilân. Wol foarmet de Arktyske Kaap it noardlikste puntsje fan heul Aazje.
De kaap foarmet de grins tusken de Karasee yn it westen en de Laptevsee yn it easten. Foar de Karasee jild dat dit it noardeastlike einpunt foarmet fan in tinkbyldige eastlike line fan Kaap Kohlsaat (op it eilân Graham Bell fan Franz Joseflân) ôf, dy’t as it noardwestlikste punt fan de Karasee beskôge wurdt.