Arla Foods
Arla Foods is in Sweedsk-Deenske suvelkoöperaasje, dy't eigendom is fan sa'n 8000 molkfeehâlders. It haadkantoar stiet yn Aarhus (Denemark). It bedriuw fan no is ûntstien troch in fúzje tusken it Sweedske Arla en it Deenske MD Foods op 17 april 2000.
Arla Foods | ||
Flaggen mei it Arlalogo | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Deensk Sweedsk | |
type | Koöperaasje | |
sektor | Agrarysk, suvel | |
haadkertier | Aarhus (Viby) | |
oprjochte | 2000 | |
fuortk. út | Arla en MD Foods | |
sifers | ||
omset | € 10,6 miljard (2014) | |
winst | € 320 miljoen (2014) | |
aktyf yn | Skandinaavje, Noardwest-Jeropa | |
offisjele webside | ||
Arla corporate website Nederlânsk webstee |
Arla yn Nederlân
bewurkje seksjeDer wie plan foar in fúzje mei Campina, mar dy gie yn 2005 dochs net troch is in 2005.
Nei it byinoar bringen fan Friesland Foods en Campina moast de nije kombinaasje fanwege EG-regels bepaalde aktiviteiten ôftsjitte. It fabryk yn Nijkerk is op 4 maaie 2009 troch Arla oernaam, ynklusyf de merken Kwarkyoghurt, Milk&Fruit en Breaker (fan Friesland Foods), en ek it merk Melkunie (earder Campina). Teffens krige Arla in lisinsje yn Nederlân fan 10 jier foar it gebrûk fan it merk Friesche Vlag foar deifarske suvelprodukten.[1][2] Arla Foods heeft aangegeven dat Nederland wordt gezien als nieuwe kernmarkt.[3]
It fabryk yn Nijkerk produsearret molke, sûpe, yochert, fruchteyochert, kwarkyochert, fla, brij, Milk&Fruit en Breaker. Dy farske suvelprodukten wurde makke ûnder it merk Friesche Vlag en ek foar hûsmerken fan supermerken. Yn de rin fan 2009 hat Arla it assortimint fan Friesche Vlag útwreide en binne wizigingen yn de ferpakkingen trochfierd.[4] Mids 2010 hat Arla-foods in biologyske range ûnder merk Arla foar de Nederlânske merk yntrodusearre.
Fan augustus 2012 ôf hat Arla it merk Melkunie op 'en nij lansearre yn supermerken. Dan wurde alle 31 deifarske suvelprodukten dy't Arla ûnder de merknamme Friesche Vlag yn de supermerk hat, ferfongen troch Melkunie. Tagelyk foeget Arla der dan noch acht nije produkten oan ta. Melkunie waard yn 2001 troch de doetiidske eigener Campina fan de merk helle.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arla Foods fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |