Arno (rivier)
De Arno (yn de âldheid Arnus) is in 241 kilometer lange rivier yn Toskane, Italië mei in ôfwetteringsgebiet dat goed 8200 km² beslacht.
De Arno streamt troch de provinsjes Arezzo, Florâns en Pisa, fan de berch Falterona ôf (by Arezzo, yn de regio Kasentino) oant de kust in stikmannich kilometers bewesten de stêd Pisa, dêr't er by Tirrenia útmûnet yn de Ligueryske See. It is de langste rivier fan Toskane en mei de Tiber de wichtichste rivier fan Midden-Itaalje.
-
Mûning fan de Arno yn de Ligueryske See
-
De Arnobrêge yn Florâns
-
De Ponte di Mezzo yn Pisa
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arno fan Wikimedia Commons. |