Artjom Mikojan

(Trochferwiisd fan Artem Mikojan)

Artjom Ivanovitsj Mikojan (Armeensk: Արտյոմ Հովհաննեսի Միկոյան Artjom Hovhannesi Mikojan of Անուշավան Հովհաննեսի Միկոյան Anoesjavan Hovhannesi Mikojan; Russysk: Артём Ива́нович Микоя́н) (5 augustus (âlde kalender: 23 july) 19059 desimber 1970) wie in yn Armeenje berne fleanmasineûntwerper fan gefjochtsfleantugen yn de eardere Sowjet-Uny.

Armeenske postsegel mei in ôfbyld fan Artjom Mikojan

MiG bewurkje seksje

It fan Artjom Mikojan en Michail Goerevitsj oprjochte ûntwerpburo, doetiids "Mikojan-Goerevitsj", ûntwurp jachtfleantugen. Meast wurdt de ôfkoarting MiG foar dy fleantugen brûkt, fan it Russyske "Микоян и Гуревич" ("Mikojan en Goerevitsj"). It bedriuw waard nei de dea fan Mikojan yn 1970 omneamd ta "Mikojan" en is no mei Iljoesjin, Irkoet, Soechoj, Tupolev en Jakovlev diel fan in nij bedriuw, Feriene Fleantúchboukorporaasje.

De fan "Mikojan-Goerevitsj" ûnwurpen gefjochtsfleantugen waarden brûkt troch de Sowjet-Uny en de lannen fan it Warsjaupakt, mar ek troch ûnder oaren Sina, Yndia, Noard-Korea, Noard-Fjetnam, Egypte en Syrië. Sy hawwe yn ferskate wapene konflikten, lykas de Koreaanske Oarloch en de Fjetnamoarloch, in wichtige rol spile.

Underskiedingen en prizen bewurkje seksje

Artjom Mikojan waard faak dekorearre. Under oaren:

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Artjom Mikojan fan Wikimedia Commons.