Astronoom

(Trochferwiisd fan Astronome)

In astronoom, as stjerrekundige, is in wittenskipper dy't him dwaande hâldt mei astronomy. Sy observearje astronomyske objekten lykas stjerren, planeten, moannen, kometen en stjerrestelsels - sawol troch it analisearjen fan waarnimmings as troch de teoretyske stjerrekunde. Foarbylden fan ûnderwerpen of fakgebieten dy't astronomen bestudearje binne de planetêre wittenskip, de astronomy fan 'e sinne, de oarsprong en ûntjouwing fan stjerren of de foarming fan stjerrestelsels. Besibbe, mar wol in aparte wittenskip, is de fysyske kosmology, dy't it hielal as gehiel bestudearret.

De astronoom, Johannes Vermeer (1668)

Amateur-astronoom

bewurkje seksje

Hoewol 't der relatyf net folle profesjonele astronomen binne, is it fakgebiet populêr ûnder amateurs. De measte stêden hawwe amateurstjerrekeundeklups dy 't geregeld gearkomme. De Astronomical Society of the Pacific is de grutste algemiene astronomyske feriening fan de wrâld, besteande út sawol berops- as amateur-astronomen en ûnderwizers út 70 ferskillende lannen. Krekt as by elke hobby besteegje de measte minsken dy 't harsels as amateur-astronomen beskôgje in pear oeren yn 'e moanne oan it sjen nei stjerren en it lêzen fan 'e lêste ûntwikkelingen yn ûndersyk op dat mêd. Amateurs fariearje lykwols fan saneamde 'leunstoelastronomen' oant tige ambisjeuze minsken dy 't teleskopen en ynstruminten hawwe wêrmei 't se harren eigen ûntdekkingen dwaan kinne en profesjonele astronomen helpe kinne by harren ûndersyk.


 
Dit artikel is in stobbe oer astronomy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.