Ate Dykstra (yn Fryslân, 1 desimber 1865Grand Rapids (Michigan), 18 septimber 1953) wie in Nederlânsk-Amerikaansk politikus.

Ate Dykstra
politikus
echte namme Ate Dykstra
nasjonaliteit Nederlânsk
Amerikaansk
bertedatum 1 desimber 1865
berteplak ? (Fryslân)
stjerdatum 18 septimber 1953
stjerplak Grand Rapids (Michigan)
etnisiteit Frysk
partij Republikeinske Partij
lid fan it Hûs fan Offurdigen fan 'e steat Michigan
amtsperioade 19231924
19391942
19451946

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Dykstra waard ein 1865 berne yn Fryslân, mar emigrearre letter nei de Feriene Steaten, dêr't er him nei wenjen sette yn Grand Rapids, yn 'e steat Michigan, yn in krite dêr't in protte Nederlânsk ymmigranten har fêstige hiene. Dêr waard er krudenier, en teffens wied er aktyf as redakteur fan in wykblêd.

As kandidaat foar de Republikeinske Partij die Dykstra yn 1910 in goai nei it boargemasterskip fan Grand Rapids, mar dêrby ferlear er it fan syn Demokratyske tsjinstanner. Fan 1923 oant 1924, fan 1939 oant 1942 en nochris fan 1945 oant 1946 siet er foar it 1e kiesdistrikt fan Kent County yn it Hûs fan Offurdigen fan it Steatskongres fan Michigan. By de ferkiezings fan 1934 en 1936 wied er ek kandidaat, mar waard er ferslein.

Dykstra stoar yn 1953 yn Grand Rapids, yn 'e âlderdom fan krapoan 88 jier. Hy waard begroeven op it Washington Park Cemetery yn syn wenplak.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: