Attractiepark Slagharen
Attractie- & Vakantiepark Slagharen is in attraksjepark en fakânsjepark yn Slagharen yn de provinsje Oerisel. It park bestiet sûnt 1963 en hjitte oarspronklik "Shetland Ponypark Slagharen".[1]
Attractiepark Slagharen | ||
ferdivedaasjepark | ||
Attractiepark Slagharen (2006) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Hardenberg | |
plak | Slagharen | |
adres | Zwarte Dijk | |
koördinaten | 52° 37' NB, 6° 33' EL | |
bysûnderheden | ||
type | Attraksjejepark | |
eigner | Parques Reunidos | |
iepen | 3 juny 1963 | |
oerflak | 83 ha | |
attraksjes | 35 | |
achtbanen | 2 | |
wetterattr. | 4 | |
wurknimmers | 1.000 | |
skiednis | ||
hist. namme | Shetland Ponypark Slagharen, Ponypark Slagharen | |
gebou | ||
boujier | 1963 | |
offisjele webside | ||
Webstee Attractiepark Slagharen | ||
kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt park telt mear as 30 attraksjes, wêrûnder 2 achtbanen. En bestiet út twa parten, dy't ûnderling ferbûn binne troch in haadstrjitte mei winkels en restaurants. Dizze haadstrjitte wurdt "Mainstreet" neamd.
Yn it súdlik part is de yngong en hjir steane attraksjes as "Apollo" in sweefmûne yn de foarm fan de moanne, "Enterprise" In grutte rûndraaiende skiif dêr 't oan de sydkant gondels befêstige binne. en de "Free Fall" In 40 meter hege frijefaltoer. Yn it noardlike part stiet de grutte achtbaan "Gold Rush", "Red Bandits Adventure" in attraksje mei boatsjes yn it tsjuster, dy't yn it plak kaam fan de jierrenlang opfierde Wild West Show. Yn dit part stiet ek de nôtmûne de Pionier út boujier 1859. In frijwillige mûnder soarget der foar dat de mûne noch regelmjittig draait.
In kabelbaan mei twa stasjons ferbynt it noardlike en súdlike part fan it park. Dêrneist rydt der in monorail troch it hiele park, mar dizze hat sûnt 2015 noch mar ien stasjon, dizze stiet yn it súdlike part fan it park.
By it attraksjepark Slagharen heart in fakânsjepark, dit park bestiet út steancaravans en bungalows. In oar part fan it fakânsjepark hjit "Wigwamwereld Slagharen" en hjir steane wigwamtinten. Sûnt 2002 is der njonken de "Wigwamwereld" ek in kemping.
Earste achtbaan mei in fertikale looping
bewurkje seksjeJierrenlang wie achtbaan "Thunder Loop" ien fan de ikoanen fan it attraksjepark. In stielen achtbaan dy't yn 1979 iepene waard. De baan hie in lingte fan 592 meter, in maksimale hichte fan 24,5 meter, en in looping. By in rit yn de achtbaan, dy't in minút en 42 sekonden duorre, berikte de trein in maksimale faasje fan 77 kilometer yn it oere. It wie de earste achtbaan ea mei in fertikale looping yn Nederlân. By in keuring tusken it simmer- en winterseizoen yn 2014 waard de achtbaan ôfkard. It wie de bedoeling om de achtbaan foar it nije pretparkseizoen, dat úteinset ein maart 2015, al wer operasjoneel te krijen, de baan waard yn de hjerst fan 2016 demontearre. Yn 2017 kaam de ferfanger fan de "Thunder Loop" de "Gold Rush" ree.
Ferneamde attraksjes
bewurkje seksjeNamme | Iepene | Opm. | |
---|---|---|---|
Apollo | 1980 | In sweefmûne, mei skommels befêstige oan in ring dy't om in grutte moanne draait. | |
Ripsaw Falls | 1992 | ||
Big Wheel | 1980 | In reuzerêd fan 50 meter heech. | |
Enterprise | 1977 | ||
Free Fall | 2003 | In frijefaltoer fan 40 meter. | |
El Torito | 1973 | Renovearre yn 2016 | |
Gold Rush | 2017 | Gold Rush ferfangt yn 2017 Thunder Loop, de ferneamde achtbaan út 1979 |
Ferdwûne ferneamde attraksje
bewurkje seksjeNamme | Iepene | Ofbrútsen | Opm. | |
---|---|---|---|---|
Thunder Loop | 1979 | 2016 | By in keuring tusken it simmer- en winterseizoen yn 2014 waard de achtbaan ôfkard. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|