Attraksjepark Duinen Zathe
Attraksjepark Duinen Zathe (offisjeel, Nederlânsk: Attractiepark Duinen Zathe) is in ferdivedaasjepark yn Appelskea, yn 'e uterste súdeasthoeke fan Fryslân.
Attraksjepark Duinen Zathe | ||
ferdivedaasjepark | ||
De yngong fan it park. | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Eaststellingwerf | |
plak | Appelskea | |
adres | Noarder Es 1 | |
koördinaten | 52°57'18"N 6°20'10"E | |
bysûnderheden | ||
type | algemien ferdivedaasjepark | |
iepen | maaie o/m aug. (altyd) apr., sept., okt. (net altyd) | |
oerflak | 14 ha | |
attraksjes | 19 | |
achtbanen | 2 | |
wetterattr. | 1 | |
darkrides | 1 | |
besikers | 65.000 (jiers) | |
skiednis | ||
iepening | 1958 | |
oarspr. lokaasje | Boerestreek yn Appelskea | |
offisjele webside | ||
www.duinenzathe.nl | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it park yn Fryslân.
|
Skiednis
bewurkje seksjeDuinen Zathe begûn yn 1958 as in kofje- en teeskinkerij, wêrby't de eigner doedestiden efter en njonken it haadgebou eigenhandich houten boarterstastellen boude om 'e bern fan syn klanten dwaande te hâlden. In stadige modernisearring late der úteinlik ta dat de efterseal yn 'e twadde helte fan 'e sechstiger jierren as dancing brûkt waard. Om 1970 hinne waard de saak oernommen, wêrnei't der in yngeande ferbouwing plakfûn.
De boarterstún waard dêrby ferhuze nei it terrein efter it haadgebou, en der waarden grutte attraksjes ynstallearre, wêrûnder botsauto's, oldtimers en in draaimole. In stikmannich jierren letter waard it terrein noch fierder útwreide, en waarden der û.m. in spûkhûs en in teäterseal tafoege.
Yn 1984 kamen de hjoeddeistige eigners yn it besit fan it ferdivedaasjepark. Under de nije lieding fûn der in fierdere útwreiding plak en krige Duinen Zathe mear bekendheid. De lûdsoerlêst waard úteinlik lykwols in probleem foar it doarp, en om't der op it oarspronklike plak, oan 'e Boerestreek, midden yn Appelskea, ek gjin romte mear oer wie foar fierdere útwreiding, waard besletten it hiele park te ferhúzjen nei in oare lokaasje, oan 'e Noarder Es. Dy ferhuzing krige yn 2002 syn beslach.
Akkomodaasjes
bewurkje seksjeDuinen Zathe beskikt oer in ferskaat oan tradisjonele attraksjes, wêrûnder botsauto's, in klimkastiel, luchtkjessens, in reuzeglydbaan en in spûkhûs. Dêrnjonken binne der ek ferskillende grutte moderne ynstallaasjes, wêrûnder in achtbaan, in wyldwetterbaan en in saneamde supernova mei twa ûnôfhinklik bewegende earms dy't jin it gefoel jout tusken metershege weagen te surfen. Mar ek beskikt it park noch oer in gewoane boarterstún, mei touters, wippen en in sânbak. Yn it teäter binne geregeldwei optredens.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |