Annabel Lee
Annabel Lee of Auck van der Leij, yn it oarspronklike Ingelsk: Annabel Lee, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It wie it lêste gedicht dat Poe foar syn dea foltôge, en is nei The Raven miskien wol syn bekendste dichtwurk. Krekt as faker yn syn wurk, is it ûnderwerp in ferlerne leafde, dêr't in treurjende minner noch altyd mei ompakt. Troch de jierren hinne hat der witwat diskusje west oer de fraach wa't de ynspiraasje foar Annabel Lee wie; hoewol't withoefolle froulju dêrfoar yn oanmerking komme, is Poe syn eigen frou, Virginia Eliza Clemm Poe, dochs de wierskynlikste gadingmakster.
Annabel Lee | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Annabel Lee | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
1e publikaasje | 1849 | |
bondel | The Works of the Late Edgar Allan Poe | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Annabel Lee | |
publikaasje | 1949, yn De Tsjerne | |
oersetter | Dam Jaarsma |
Annabel Lee, dat út seis kûpletten fan wikseljende lingte en wikseljend rymskema bestiet, datearret nei alle gedachten fan maaie 1849. It waard foar it earst publisearre yn oktober 1849, twa dagen nei Poe syn dea, yn 'e New Yorkske krante de Daily Tribune, as ûnderdiel fan syn deaberjocht. Dat wie lykwols in ûnautorisearre printige; de earse autorisearre publikaasje wie yn jannewaris 1850. De earste Fryske oersetting fan Annabel Lee, fan Dam Jaarsma, datearret út 1949
Ynhâld
bewurkje seksjeYn Annabel Lee, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, beskriuwt in nammeleaze ferteller syn leafde foar in Annabel Lee, dy't jierren en jierren lyn begûn yn in "keninkryk oan see". Hoewol't se doe noch jong wiene, baarnde harren leafde mei sa'n fel fjoer dat sels de ingels der oergeunstich op waarden. De ferteller mient dat dy ûngrypbere wêzens dêrom Annabel har dea bewurkmastere hawwe. Mar likegoed is harren leafde sa sterk dat de dea harren net skiede kin; de ferteller leaut dat harren beide sielen mei-inoar ferstringele binne. Eltse nacht op 'e nij dreamt er fan Annabel Lee en sjocht er de helderheid fan har eagen werom yn 'e stjerren. It gedicht einiget mei syn bekentenis dat er him eltse nacht wer njonken har deljout yn har grêftombe oan see.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe earste Fryske oersetting fan Annabel Lee wie fan Dam Jaarsma, en waard yn 1949 ûnder deselde titel publisearre yn it literêr tydskrift De Tsjerne. Yn 2008 makke Janneke Spoelstra in nije fertaling, dy't hja ûnder de titel Auck van der Leij dat jiers publisearre yn it novimbernûmer fan it tydskrift HJIR.
Keppelings om utens
bewurkje seksje● (in) Annabel Lee op Wikisource
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |