Augustiner Hearremiten

Augustiner Hearremiten is in kleasteroarder dy't ûntstie út kloften klúzners (eremitae) dy't de regel fan Augustinus folgen. Dizze oarder waard yn 1256 stifte.

Se dienen oan sielesoarch yn de stêden en wurken (± 1475) in skoftlang yn de stêd Sleat. Nei 1567 waard it in biddeloarder. Augustinen-Hearremiten wienen belêste mei de sielesoarch yn Wytmarsum yn 1901 en yn 1903 stiften se it kleaster 'Vinea Domini'. Augustinessen fan de saneamde Tredde Regel bewennen yn de midsiuwen kleaster Nazaret yn Idzegea.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Augustijnen-Eremieten.