Augustinus Georg Lycklama à Nijeholt (1794-1828)
(Trochferwiisd fan Augustinus Georg Lycklama à Nijeholt)
Augustinus Georg Lycklama à Nijeholt (Ljouwert, 8 septimber 1794 - Amsterdam, 29 oktober 1828) wie in Nederlânske politikus.
Lycklama à Nijeholt, lid fan de famylje Lycklama à Nijeholt, wie in soan fan Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (1766-1844) en Elisabeth Helena thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1767-1803). Hy troude yn 1822 mei Hillegonda Wyndels (1800-1852).
Lycklama à Nijeholt studearre rjochten en waard abbekaat en prokureur op It Hearrenfean. Hy waard keazen as lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân (1815-1828) en wie fan 1816 ôf grytman fan Utingeradiel.[1] Hy wenne yn Aldeboarn en ferstoar yn 1828 op 34-jierrige leeftyd yn Amsterdam. As grytman waard hy opfolge troch syn broer Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|