Auke IJkema
Auke IJkema, ek skreaun as Ykema (Sint-Nyk, 19 maart 1908 - Terherne, 3 july 1980) [1] wie út namme fan de NSB boargemaster fan de gemeente Eastdongeradiel fan 1941 oant 1945. Hy folge dêr Frans Sijtsma op.
Auke IJkema | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | Sint-Nyk | |
stoarn | 3 july 1980 | |
stjerplak | Terherne | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | amtner | |
reden bekendheid |
NSB-boargemaster fan East-Dongeradiel |
It oanstellen fan dy NSB-boargemasters markearret it begjin fan de saneamde 'Nije Oarder'. [2] Earst moasten de kandidaten de boargemasterkursus fan de NSB folgje. IJkema wie de earste NSB-boargemaster fan Fryslân. Hy krige de bynamme 'Domme Auke'.
In kranteberjocht út de fersetskrante Het Parool oer NSB-boargemaster Auke IJkema (25 septimber 1941):
IJkema Jr. is een eenigszins achterlijke jongeman. […] Intusschen was de jongeman – naar het voorbeeld van alle mislukkelingen – lid van de NSB geworden. Hij volgde den beroemden burgemeesterscursus van drie maanden en ziet – prompt werd hij daarop tot burgemeester benoemd. De gemeente Anjum (Friesland) werd het geluk beschoren met den mislukkeling opgescheept te worden.
Yn 1948 waard IJkema troch it Bysûnder Gerjochtshôf yn Ljouwert feroardiele ta seis jier en seis moanne finzenisstraf, mei ôftrek fan foararrest. Dêrneist waard him ûntsizzing fan it kiesrjocht oplein en it rjocht om in iepenbier amt te beklaaien ûntsein. [3]
Auke IJkema stoar yn de âldens fan 72 jier yn Terherne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|