Aurealis Award
De Aurealis Awards binne in groep Australyske prizen op it mêd fan 'e literatuer dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar treflikens yn spekulative fiksje (in sammelnamme foar science fiction, fantasy en horror). Allinne Australyske auteurs en bûtenlanners dy't al lange tiid yn Austraalje wenje, komme foar de prizen yn oanmerking. De Aurealis Awards waarden yn 1995 ynsteld troch Chimaera Publications, de útjouwerij dy't it tydskrift Aurealis publisearret, dat wijd is oan spekulative fiksje. Yn 1996 waarden de prizen foar it earst útrikt. De winners wurde útornearre troch in trijekoppige faksjuery.
Aurealis Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Australysk | |
útrikt foar | treflikens yn spekulative fiksje | |
útrikt troch | Chimaera Publications | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | Canberra (ACT) | |
ynsteld | 1995 | |
1e útrikking | 1996 | |
offisjele webside | ||
aurealisawards.org |
Kategoryen
bewurkje seksjeTroch de jierren hinne binne de kategoryen wêryn't de Aurealis Awards útrikt wurde, wat feroare. Anno 2016 besteane de folgjende kategoryen:
- bêste blomlêzing
- bêste ferhalebondel
- bêste berneboek
- bêste roman foar jongfolwoeksenen
- bêste koarte ferhaal foar jongfolwoeksenen
- bêste roman (fantasy)
- bêste koarte ferhaal (fantasy)
- bêste roman (horror)
- bêste koarte ferhaal (horror)
- bêste roman (science fiction)
- bêste koarte ferhaal (science fiction)
- bêste yllustrearre boek of grafyske roman
- Convenor's Award for Excellence
Sûnt 2009 wurdt fierders op 'e útrikking fan 'e Aurealis Awards ek de Kris Hembury Encouragement Award, in oanfiteringspriis, útrikt, hoewol't dat feitliks gjin Aurealis Award is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |