Aylvapoldermole
De Aylvapoldermole is in poldermole en ryksmonumint noardeast fan Burchwert yn Súdwest-Fryslân, foarh. Wûnseradiel. De mole stiet oan de Boalserter Feart en kin as helpgemaal ynsetten wurde kin by slimme wetteroerlêst. It is in greinen achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.
Op it stee fan de hjoeddeiske Aylvapoldermole stie eartiids in oare mole, dy't yn 1827 boud wie as ien fan de beide moles dy't Tsjaard van Aylvapolder bemealle moasten. Yn 1950 waard dy mole restaurearre. Der wienen yn 1959 plannen om in diselmotor yn de mole te setten, mar op 9 novimber fan dat jier waard de mole troch brân ferwoaste. Op de grûnfêsten derfan waard doe in gemaal boud. Dat waard letter wer sloopt, wêrby't de fjouwerkante ûnderbou fan de oarspronklike mole wer foar it ljocht kaam.
Yn 2000 waard op dy ûnderbou de hjoeddeiske Aylvapoldermole setten. Dy komt fan Hallum, dêr't hy as de Hoekstermole sûnt 1846 it wetterskip Fiifhuzen bemealde. Hy moast dêr lykwols wike foar de útwreiding fan in bedriuweterrein. Dêrop waard yn 1999 besletten de mole oer te bringen nei Burchwert en him dêr te werbouwen. De mole waard op 3 juny 2000 iepene troch Annemarie Jorritsma, de destiidske Nederlânske minister fan Ekonomyske Saken, sels in moolnersdochter.
De mole is eigendom fan de Stifting Aylvapoldermolen.
Literatuer
bewurkje seksje- Boersma, Bouke en Hinne Bokma (2000) - De Aylvapoldermolen. Sieraad yn de wide romte. Boalsert: Stifting Aylvapoldermole. ISBN n.f.t.